heit&mem

Fryske gedichten » Houliksgedichten

Wolsto graach in tekst of gedicht op it Frysk nei sjen litte? Mail de tekst yn in wordbestân nei ynfo@heitenmem.nl en wy sjogge it fergees foar jim nei!

Sjoch foar Fryske routeksten en -gedichten it boekje ‘Foar altyd yn ús hert‘.
Sjoch foar houliks- en leafdesgedichten it boekje ‘Leafste leave‘.

 

Leafde is elkoar fertrouwe,
tegearre in libben opbouwe.
Tegearre, hân yn hân,
troch it ûnbekende lân.
Soms oer bergen, soms troch dalen*,
mar tegearre sille wy net ferdwale

Yn ’t hastige libben fljocht de tiid
Mei kûgelsfeart foarby
En ûngemurken skrept men sa
Oan alle moais foarby
Besit dat bringt ús it lok net oan
Sa’t men faak hearre kin
Mar dêr hat nimmen hâldfêst oan
De earmoed bringt it likemin
Mar wa’t hjir op syn libbenswei
It each op ’t eigen hâldt
En dêryn ’t moaie en skjintme fynt
Bliuwt jong en wurdt nea âld

– Hoatse de Jong

Op ’e tiid sprekke
op ’e tiid swije
op ’e tiid leavje
en triennen feie.
Yn berou
sykje nei harmonije:
dat ’s foar altyd
man en frou.

– Ytsje Hettinga

Dit is in dei om te ûnthâlden
in dei dy’t hiel bysûnder is,
dit is in dei om fan te hâlden
om’t dizze dei ús troudei is.

– Gjalt Huizenga

Leafde
Leafde is sterk,
Hja kin wûnders dwaan.
Libbens feroarje,
Lêsten fersêftsje,
It fynt har freugde
Troch freugde te jaan.
It jout ynhâld en glâns,
Oan it libben.

Foar dy set ik myn masker ôf,
’k jou my mei leafde bleat
Om’t it by dy sa eigen is,
bin ik dêrta yn steat
In oar hoecht net te witten
hoe ûnwis oft ik wêze kin
Hoe kwetsber en ûnseker
oft ik somtiden bin
Myn sterkte en myn swakte,
do krigest se alle twa
Ik wol se mei dy diele,
mei ik dan dines ha
Gjin leagen dy’t beskerming biedt
by minsken lykas dy
Myn masker hasto nearne sjoen,
do sjochst allinne… my!

Oerset troch K. Kingma-Noordenbos
Dichter ûnbekend

Hjoed is de dei
Hjoed is de dei
Want hjoed is de dei
Dy komt mar ien kear
Moarn dan is it hjoed al net mear
Net seure, ha wille
Yn ’t libben dat mei
Mar doch it wol hjoed
Want hjoed is de dei

– Toon Hermans

Wolle jim ús mei wat ferrasse,
lit it dan yn in slúfke passe.

Tegearre
rinne wy hân yn hân
troch it bosk
op it strân

Tegearre
kinne wy de hiele wrâld oan.
Wêr’t wy ek stean of gean
tegearre binne wy ien.

Leafde
Leaf hawwe is foar leaf nimme
elkoars lekken en brekken;
in net wiermakke wurd
oersljochtsje mei in knypeach
Want allinnich sa en net oars
sil jim leafde bestean.

– Berber v/d Geest

Untaastber
mar wy fiele it hân yn hân.
Unsichtber,
mar wy sjogge it each yn each:
leafde.

– Folkert Verbeek

Troch waarmte kinne wy kjeld oan
troch ferbûnens frijheid
troch leafde haat ferdriuwe
troch swijen wurden begripe
troch ienheid kinne wy twa wêze.

– Ytsje Hettinga

Takomst is gjin dream
Net letter, takomst is de dei fan hjoed
Dreamen falle yn it wetter,
As de notiid ús net stjoert.
Net heger,
slaan de earste stien net oer.
Mei it bouwurk klimt de steger,
nei de maaibeam op ’en doer.
Net fierder, rin net op ’e tiid foarút
Siedzje moat de iere siedder
foar’t it nije lân ûntsprút.
Takomst is gjin dream,
mar it plantsjen fan in beam.
Sûnder fuotten yn ’e ierde,
bliuwe dagen sûnder dieden.
Takomst is de koartste klap.
Hjoed sette jim de earste stap.

Yn in libben
as man en frou
is leafde sterker as fertriet.
In libben tegeare
is sprekke en swije
in glimke by dat iene liet.
In libben tegeare
is jaan en nimme,
earlikheid en trou.
Hân yn hân, each yn each,
foar ivich
man en frou.

– Dieuwke Posthumus