Wêr binne jo:  5-12 jier  | Frije tiid  | Bonke brekkers!   Wat sykje op Heit en Mem?
 
Bonke brekkers!

It is simmer. Heech tiid om de game-generaasje út de digitale wrâld wei te lûken en nei bûten te jeien. Bûten boartsje is leuk, sûn en learsum. Mar… it kin ek gefaarlik wêze. Wat binne no de echte bonkebrekkers by bern fan 7 oant 12 jier? Dy fraach leinen wy foar oan de gipskeamer fan it MCL. It antwurd? De trampo stiet mei stip op 1, op 2 komme skeelers en skateboards en op 3 klimtastellen. 




1.    Trampolinespringe
Trampolinespringen is populêr. Hieltyd mear minsken ‘plantsje’ in trampoline yn ’e tún. Logysk, it is machtich om troch de loft te sweven. Neidiel fan de trampo is dat jo der samar neist lizze. Wat heger de falhichte, wat grutter de kâns op slim letsel. Dêrom is it ferstannich om de trampo yn te graven. Elke trampoline soe boppedat yn in iepen romte stean moatte. Dat foarkomt dat bern ergens tsjinoan springe kinne. Google jout antwurd op de fraach hoe grut at dy frije romte wêze moat. In oare gouden tip is in feilichheidsnet. Troch dat net - te keap by elke doch-it-sels-saak - is it ûnmooglik om der ôf te fallen. Dúdlike regels fêststelle oangeande de trampoline is in must. Praat bygelyks mei de bern ôf dat der mar ien persoan tagelyk op de trampo mei en dat der allinne sprongen wurdt as it droech waar is en net hurd waait. In oare regel soe wêze kinne dat de bern noait ûnder de trampoline komme meie.

2.    Skeelerje en skateboarde
Skeelerjen en skateboarden wurdt foaral leuk fûn troch bern fan 7 oant 12 jier. Spitigernôch leveret dat wolris rare knoffelpartijen op. Dêrom in pear tips. Tip 1 soe in iepen doar wêze moatte: as jo skeelers of in skateboard keapje foar jo kroast, keapje dan tagelyk ek pols-, earmtakke- en knibbelbeskermers. In helm is fansels de kers op de feilichheidstaart. Fierder moatte de lagers fan de tsjillen soepel draaie. Test: hâld de skates op ’e kop en lit de tsjillen draaie. As se fuort wer ophâlde fan draaien, binne de lagers net goed. Smarre of skjinmeitsje dus! Trouwens, lagers mei in ABEC nûmer binne de bêsten. Lagers mei in AA, AB of BB nûmer binne net oan te rieden. Fierder is it goed om te oefenjen mei jo bern. Lear it remjen, mar foaral ek it fallen. As lêste: skeelerje of skateboarde wylst it bûten wiet is, is not done!

3.    Klimme op klimtastellen
Neat aventoerliker as it klimmen op in spannend klimtastel. Bern hâlde fan de útdaging om ‘de oare kant’ te berikken. Klimtastellen binne der yn allerhande soarten: klimrekken, klimnetten, klimtouwen, klimtuorren of klimbrêgen. Stik foar stik superleuk, mar ek bonkebrekkers! In eachje yn it seil hâlde is dus net ferkeard. Der binne inkelde saken dêr’t jo om tinke kinne. Sa moat in klimtastel dat heger is as in meter, in skokbrekkende ûndergrûn hawwe. Dat kin sân wêze, mar ek houtsnippers, gers of beamskors. Fierder is it handich om derfoar te soargjen dat jo bern gjin koardsjes yn ’e klean hat dêr’t er maklik achter heakjen bliuwt. De allerbelangrykste regel is wol dat as jo jo bern helpe moatte om in tastel te beklimmen, it tastel dan dúdlik bedoeld is foar in oare leeftydsgroep! Logysk dochs?

Tsjek foar mear tips en trúks de websites veiligheid.nl en allesoverspelen.nl

Troch Marrit de Schiffart
Ut Heit en Mem nr. 2 - 2012



  Set dit artikel op dyn Twitter pagina Set dit artikel op dyn Hyves pagina Set dit artikel op dyn Facebook pagina Stjoer dizze pagina troch nei in freon(dinne)

Omheech

Reacties op dit artikel:
Er zijn nog geen reacties op dit artikel
Zelf reageren:
Naam
E-mailadres


Aktiviteiten kalinder
Efkes der op út mei it gesin? Sjoch hjir foar de leukste aktiviteiten foar heiten, memmen en bern yn Fryslân!
Nei de kalinder >

De moaiste Fryske foarnammen
Ast dyn bern ferneame wolst, dan is it gau klear. Mar sels in namme betinke, falt net altyd ta. Der is in grut ferskaat fan nammen, sels fan Fryske nammen. Dit boekje biedt in oersjoch fan de moaiste Fryske jonges- en famkesnammen.
Besjoch it boekje >

Picknick plakken yn Fryslân
Heit en Mem is op syk nei de moaiste picknickplakjes fan Fryslân. Wisto in leuk plakje? Mail him nei ynfo@heitenmem.nl of jou in reaksje ûnder it artikel.
Nei de kaart >

Resepten foar picknick hapkes
Moai waar, kleedsje mei, in moai plakje sykje en fansels lekkere hapkes mei. Sjoch hjir foar de lekkerste picknickhapkes resepten!
Nei de resepten >

  


De nije Heit & Mem is der! Sjoch hjir foar de ferspriedingslist.
8% van de vrouwen eet meer augurken als ze zwanger zijn
Lèste reaksjes op artikels

Bernepraatsjes
Patrick (6 jier) sjocht de foto fan de 12 wiken echo fan syn tante en hy seit: Oh, ik sjoch it ol, d lès fierder >

Bernepraatsjes
Jasmien ( 7) is volop aan het wisselen... melktandjes maken plaats voor grote mensen tanden. Bas (  lès fierder >

Dizze webside is in inisjatyf fan de Afûk en is mei mooglik makke troch stipe fan de provinsje Fryslân.