| |
Fan Aarn oant Zwopkje
Bysûndere foarnammen
Yn april 2003 lies ik yn in rou-advertinsje de namme Heiltje de Boer-Oosterbaan. Heiltje is 96 wurden en se hat 54 jier widdo west. De namme Heiltje hie ik nea fan heard, ik knipte him út. It waard it begjin fan in frjemde samling. At ik yn de krante yn de rou-advertinsjes in namme seach dy’t ik net koe, knipte ik him út en no ha ik 200. De betingst wie dat it Fryske nammen wêze moasten, of yn alle gefallen nammen fan minsken dy’t lang lyn yn Fryslân berne binne. Ik die se yn in doaske neist myn stoel en seach der fierder net nei om. Ferline jier wie it doaske fol, ik wie benijd hokker nammen oft der yn sitte soene, want de measten wie ik al lang wer fergetten. Ik wie ferrast troch de bûnte samling en wat wie it in tref dat it Meertens Ynstitút net allinne de achternammen mar ek alle foarnammen fan Nederlanners op de webside setten hie. Dêr stiet by hoe faak oft in namme noch foarkomt yn Nederlân en doe ha ik de grins lein by 75. Dat betsjutte dat ik in pear fuortgoaie moast, mar fan de measten wie yndied noch mar in hantsjefol oer. Der binne in pear by dy’t sa goed as útstoarn binne, lykas Frietske, Froatsje en Jilkjen by de famkes en Geue en Oukert by de jonges. Dus heiten en memmen: at jim orizjineel wêze wolle, kies dan net in bûtenlânske namme, mar ien dy’t hast útstoarn is. Ik bin fan doel noch ris in boekje te meitsjen mei alle advertinsjes deryn, om’t de foar- en achternammen faak hiel moai byelkoar passe. No alfêst in seleksje fan nammen dy’t net faker as 20 kear yn Nederlân foarkomme: Aarn, Aeger, Aetske, Alofje, Ame, Beeuw, Betze, Binke, Bintsje, Bleike, Boeije, Boeke, Brienen, Broor, Djoerdtje, Dju, Doedertje, Doite, Doyke, Dwotsje, Dubbeld, Eentje, Eertsje, Eeuwkjen, Elbe, Ete, Fake, Finne, Froodtje, Geugje, Gôtske, Guitsche, Haakje, Hankje, Hate, Hipkje, Holkje, Igle, Jaatje, Jilje, Jilkjen, Jookje, Jotje, Judigje, Lume, Luurtze, Maije, Makke, Naentske, Namke, Obtje, Oept, Oktjen, Olke, Peepke, Pooi, Reenske, Remmeren, Rode, Schoutje, Setsche, Sjerpje, Taetze, Taekeltje, Tapke, Teetse, Thae, Tiertje, Wate, Wikke, Winkje, Wolke, Ygje en Zwopkje. It earste pear dat syn lytse poppe ien fan dy nammen jout, krijt myn boek Fan roazen en framboazewyn as beleanning. Troch: Aly van der MarkUt Heit en Mem nr. 2 - 2011
Bysûndere foarnammen
Op de ‘Heit en Mem Hyves’ fregen wy âlders nei de bysûndere nammen fan harren bern. Wij hebben gekozen voor Destin. De naam is afgeleid van het Engelse Destiny - wat bestemming/het lot betekent. Bij mij was het een groot wonder dat ik zwanger raakte, dus het moest echt zo zijn!
Onze meid heet Lara Amélie, Lara omdat we dat een mooie en stoere naam vonden, Amélie naar mijn favoriete film ‘Le fabuleux destin d’Amélie Poulain’. Geweldige film en een geweldige naam voor een geweldige meid.
Mijn dames heten Mercedes Liquenda en Djenischa Tamara.
Jolene, nei in nûmer fan Dolly Parton.
Us jonkje hjit Sverre, in Noarske namme!
Us famke hjit Marridt. Wy hawwe it mei ‘dt’ dien omdat sy ferneamd is nei har beppesMaria en Detje.Wij hebben twee dochters. De oudste heet Gerritje Antje, roepnaam Gerrianne, afgeleid van de namen van haar beppe Gerritje en haar oerbeppe Antje. De jongste heet Dirkje Berber, roepnaam Deborah, ook afgeleid van de namen van haar beppe en oerbeppe.Ut Heit en Mem nr. 2 - 2011
Omheech
Reacties op dit artikel:
Alja Tuinstra: hallo.
Ik schrijf even in het Nederlands want mijn Fries is niet foutloos. Ik ben fan van bijzondere namen.. ik zelf heet Alja en mijn broers heten Odwin en Elmer.
En mijn partner heet Everen (een echte Friese naam die je niet vaak meer hoort)
In maart 2011 is onze Dochter geboren. Wij hebben haar de naam Sente gegeven. officieel is de naam Sente van Duitse afkomst. Maar wij vonden het een leuke vlotte naam met een Friese klank.
groeten Alja Op 07-01-2012 om 23:10 uur. | | | Anoniem: It is wol bysûnder al die âlde foarnammen. En it is ek moai dat se nea ferjitten wurre. Dochs soe ik myn bêrn nea san namme jaan. Yn elts gefal net as ropnamme. Alden ferjit net hoe it foar jim bêrn wêze sil! At je as bêrn op skoalle sizze matte ik hyt Bintsje as Lolkje. Is je bêrn dan wol lokkich? Mar ek in namme as Mercedes sil dochs nuver wêze. Ik ha it selfs sjoen by myn dochter yn har klas. Bêrn binne dan hurd! Op 13-12-2011 om 18:12 uur. | | | Hiltsje van der Wiel - Scheweer: Nei oanlieding fan it berjocht oer de moaiste fryske namme, krigen wy in link nei disse side. De moaiste fryske foarnamme is foar us Friskien. Us jongste famke (01-01-2011) hat disse namme krigen.
Myn famkes namme is Scheweer en Friskien wy de
eerste frou dyt de namme Scheweer in it ferline oan
naam hat. Foar us in bysundere namme.
Groetnis Hiltsje van der Wiel - Scheweer Op 18-11-2011 om 9:21 uur. | | | holkje Drayer-Bonekamp: Ta myn ferrassing stie myn foarnamme ek bij de nammen dy't minder dan 20 kear foarkomme.
Ek de nammen fan myn 3 susters hearre jo net sa faak mear;
Ytsie, Sjoerdtsje, Wyntsje
groetnis, Holkje. Op 05-10-2011 om 14:09 uur. | | | Annie Tjepkema: Nei oanlieding fan it stikje oer Fryske foarnammen wol ik graach reagearje. Us famke ( berne 31 july 2002) hat de namme Æbelina krigen, neamt nei beppe Æbeltsje. Dizze namme binne wy noch nea foarby kaam, útsein it skûtsje Æbelina. Mar dêr hiene wy noch nea fan heard, doe't wy har dizze namme joegen.
Miskyn wolle jimme dizze namme wol troch jaan oan Aly van der Mark.
Groetnis
Annie Tjepkema
Op 05-09-2011 om 9:57 uur. | | |
|
|
 |
|
Kin de namme Fokje net mear?
Mijn naam is Fokje. Ik ben in 1933 geboren, dus heb ik wel persoonlijke ervaringen met die naam. Ik ben in Oost-Groningen geboren. In ons dorp kwam die naam verder niet voor. Mijn opoe van vaderszijde heette Fokje. Zoals toen gebruikelijk werd ik vernoemd. Lês fierder >
Nanny nedich?
Freedtemoarn, 8.15 oere. Chantal komt binnen by de famylje De Graaf. De famylje is noch net hielendal op regel en dus helpt Chantal harren mei it moarnsritueel. Se rommet it moarnsiten dat noch op ’e tafel stiet op en set kofje. Lês fierder >
Oer heit en mem
HeitenMem.nl is yn 2007 betocht troch meiwurkers fan de Afûk, mei as doel oansteande en jonge âlders te ynformearjen oer it meartalich opfieden. Yntusken is de website útgroeid foar âlders mei bern fan 0 oant en mei 12 jier en is der folle mear te lêzen as de foar- en neidielen fan meartalich grutbringen. No't sûnt 2009 de website in eigen magazine as partner krigen hat, libbet Heit en Mem.nl mear dan oait. Lês fierder >
Fryske babymûtskes en badcapes
Nij binne de Fryske babymûtskes en badcapes mei de teksten: jonkje, famke of lytse pop! Hasto sa'n badcape of babymûtske thús? Mail ús gau in foto! Besjoch se hjir >
Bern mei in bril
As lytse poppe sliepte Ynte (no 3) in hiel soad. As er wol wekker wie giene syn eachjes hiel fluch hinne en wer. By de ortoptist die bliken dat er in frij hege plussterkte hie, en in silinderôfwiking. En sa krige Ynte al mei 11 moanne in briltsje.
Lês fierder >
Simmerkampen foar bern
Foar bern fan 5 jier en âlder (oant 19 jier) wurde der rûnom fakânsjes organisearre. Sjoch hjir foar guon oanbieders dy’t yn Fryslân en yn it bûtenlân leuke reizen oanbiede.
Lês fierder >
 |
|
Hat ien fan dyn bern in Fryske namme?
|
|
|
 |
|
 |
|
De nije Heit & Mem is der! Sjoch hjir foar de ferspriedingslist.
|
By sa’n 60% rekket de frou binnen de earste 3 oant 6 moanne yn ferwachting
|
Lèste reaksjes op artikels
BernepraatsjesEmie (4) vind de sportschoenen van haar neefje geweldig.Als zij de kans krijgt ,trekt zij ze aan.Teg lès fierder >BernepraatsjesPake is kaal en Timo(4)zegt:Toen Emie(zijn nichtje van 4)en ik babies waren ,hadden we net zulk haar lès fierder >
|