heit&mem

Bern en frjemde talen

Bern en frjemde talen: in eksperimint 

De moaiste pjutteferhalen yn in frjemde taal. Bern binne nijsgrjirrich; soenen se it ferhaal folgje kinne? In boartlik eksperimint foar bern fan 4-8 jier.

We witte allegearre dat bern op fakânsje oan in heal wurd fan oars-pratende bern genôch hawwe om te kommunisearjen en te boartsjen. Soe dat ek wurkje as we ien foarlêze litte yn in oare taal?
Wolsto it eksperimint oangean? We freegje âlders, pakes&beppes en fersoargers om nei it foarlêzen in pear iepen fragen mei de bern troch te nimmen om dit te ûndersykjen. Duer: maks. 30 minuten én  in aardichheidsje foar de dielnimmers.