heit&mem

De Spion

Mata Hari – har iennichste misdie wie dat hja in frije en ûnôfhinklike frou wie

De fan oarsprong Fryske Mata Hari (1876-1917) wie de meast begearde frou fan har tiid: in ferneamde eksoatyske dûnseresse dy’t omgong hie mei grutheden en it publyk skokte en yn ferfiering brocht mei har eroatysk laden optredens.

Joukje de Jong 26 oktober 2016

Yn De spion brûkt Paulo Coelho syn ferbyldingskrêft om it like gloarjerike as tragyske libben fan Mata Hari op ’en nij te skeppen. Har drege jeugd, har ûngelokkige houlik dat har yn Nederlânsk-Ynje brocht, de tryste wederwarichheden fan har bern, har komeeteftige opkomst as dûnseres, har yntime omgong mei heechpleatste militêren en politisy dy’t har úteinlik op in beskuldiging fan spionaazje en heechferried kaam te stean. It is it ferhaal fan in frou dy’t de moed hie om harsels te befrijen fan it moralisme en it bekrompen boargerfatsoen fan it begjin fan de tweintichste iuw.

Paulo Coelho is in wrâldferneamd skriuwer. Hy is de skriuwer mei de measte folgers op social media. Fan syn boeken, dy’t ferskine yn mear as 170 lannen en 81 talen, binne rûnom op de wrâld goed 210 miljoen eksimplaren ferkocht.

spion-web

De spion – Fryske edysje
Skreaun troch Paulo Coelho en oerset troch Jantsje Post en Jetske Bilker!

Hjir te bestellen foar € 18,99 of te keap yn Afûk winkel yn Ljouwert. 

 

 

spion-web_1

De Spion is ek yn it Nederlânsk te krijen. Hjir te bestellen! 
Paulo Coelho hat in protte boeken skreaun. Klik hjir foar in oersjoch! 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!