heit&mem

De Grutte Freonlike Reus

Joukje de Jong 26 oktober 2016

‘Al dy oare reuzen haffelt alle jûnen minskbrokkels, mar ik net! Ik ist de iennichste leave en goeierige reus yn Reuzelân! Ik ist de GRUTTE FREONLIKE REUS! Ik ist de GFR. Wa bisto?’ ‘Ik bin Sofie,’ sei Sofie.

De GFR. Wa kent ’m net? Mei syn krûmpraterij, syn fripsdrippers en snoaskommers, syn dreamfangerij, mei syn njoggen minskfrettende buormanreuzen én de lytse Sofie, dy’t pardoes yn de reuzewrâld fan de GFR bedarret, hat de Grutte Freonlike Reus de herten fan miljoenen bern én folwoeksenen oer de hiele wrâld stellen.

Yn in firtuoaze oersetting fan Martsje de Jong en mei prachtige kleureyllustraasjes fan Hilda Groenesteyn komt de fantastyske dreamwrâld fan de GFR no einlings ek yn it Frysk ta ús. Poere lêswille, foar jong en âld!

boek_gfr-1

De GFR
Skreaun troch Roald Dahl en oerset troch Martsje de Jong.

Hjir te bestellen foar € 15,00 of te heljen yn de winkel fan Afûk yn Ljouwert! 

Boeketip: Roald Dahl hat noch in soad oare boeken skreaun. Hjir in oersjoch! 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!