heit&mem

Nei de seedyk

Wy binne by de seedyk. Efkes lekker útwaaie. It is drok dizze hjerstdei. De sinne skynt en der stiet net safolle wyn. Myn mantsjes binne út de skroeven. Dy hawwe wol nocht om te draven en te fleanen. De learskes oan. Alde jaskes oan. Reserve klean yn de auto en gean! Drave! 

Josette Zwier 24 oktober 2016

Us jongste kin noch net sa lang stappe. Hy komt al gau by my. Hy docht syn hantsjes omheech. Ik moat tille. Hy wit dat ik de doek mei haw. De draachdoek. Hearlik fynt er dat. Ik begjin, ûnder it tasjend each fan in protte minsken te knopen. Wylst de oare twa yn de drekplassen stean te stampen til ik ús lytste mantsje op en goai him op myn rêch. Hy giert it út. Op’e rêch kinne je it allegearre goed sjen mar je sitte dochs lekker ticht by mem. Op die skeve seedyk is in buggy gjin opsje. Wy moatte ‘offroad’ troch it reid hinne, of nei it slik; krabben sykje.

It duorret net lang as de earste nijsgjirrige komt al by my. Hoe dochst dat no? Is dat net swier? No, dan binne jo by dizze consulente oan it goeie adres. Ik fertel graach oer it dragen. Oer it hoe en it werom. De goeie hâlding en hoe it ergonomysk is foar drager en bern. 

Wy moatte ‘offroad’ troch it reid hinne, of nei it slik; krabben sykje.

It knopen is wol in technyk, by it rêchdragen hielendal, mar it is goed te learen. It dragen is net swier. Echt net! Je knope ergonomysk wêrtroch it gewicht goed ferdield wurd. It is fijn foar drager en foar it bern. Wy genietsje der hiel bot fan. Myn oare twa bern begjinne oan myn jas te lûken. Mem kom no! Ophâlde te eameljen.

We rinne fierder. Wy komme in âlder stel tsjin. Prachtich fine sy it dragen. “wat in moai plakje hasto der” ús lytse protter strielet. Krekt as hy sizze wol; ‘echt wol’.

We drave en fleane. De wyn yn it hier de seelucht yn ús noas. De seedyk op en of. Troch it reid en nei it slik. Sa no en dan komt der ien fingerke út de doek wei; “dêr!” Sjoch der mem, in fûgel. Hy hat de grutste wille. Giert om syn broer dy’t yn in wetterplasse springt. Laket om syn heit dy’t gekke bekken lûkt en yt dernei hearlik syn koekje op.

Nei in skoftke wurdt it swier op myn skouder. Hy slept. Seelucht makket wurdich. En wylst hy lekker koest, sykje ik mei de âldste twa krabben.

Josette Zwier
www.draagmemmie.wordpress.com

Boeketip: Lieve Lasten

1001004002607755

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.