heit&mem

Poppeslokstress

‘Wa komme der no wer?’ Myn man hat it net sa stean op kreambesite. Se bliuwe altyd te lang, sa seit er. It leafst soed er ús dochter krekt as yn de Lion King op in heuvel omheechhâlde. Dit is se! En klear. En ik ha der ek net altyd sin oan. It is bytiden krekt in toanielstikje datst mar wer opfierst. Hieltyd mei oar publyk, mar it dekor en de tekst binne itselde.

x 4 november 2017

We binne fan ’e moarn as in gek troch it hûs gien. Stofsûgje, in feech troch it húske, de ôfwask yn de ôfwaskmasine, bern yn ’e klean en netsjes, ûndefiniearbere rommel yn kastjes triuwe, smoarge luchtsjes fuortspuitsje. Om tsien oere stiet it earste publyk wer op de stoepe. Dat hjir suver krekt noch in oarloch plakfûn hat, is net mear te sjen. Alles is spik en span en ûnder kontrôle.

De besite loert yn ’e widze. De ‘wat is se helder’ en ‘krekt har mem’ galmje alwer troch de loft.
Dat we krekt noch spul, of ‘poppeslokyrritaasjes’, hân hawwe – ‘nee, do hoechst no net mear te stofsûgjen en lit de tsiis en woarst mar gewurde’ – is net te fernimmen. Mei in aai oer myn rêch fertelt myn man de besite dat er ûntsach hat foar myn topsportprestaasje. Terjochte fansels. Ik op myn beurt priizgje syn húshâldlike ynspannings.

It leafst soed er ús dochter krekt as yn de Lion King op in heuvel omheechhâlde.

Nei oardel oere rommet myn man demonstratyf de kopkes en pantsjes op en seit ûnderwilens dat it soms wol dreech is, bern. Minne nachten en sa. De besite begrypt de hint en stapt op. Ik freegje my ôf wêrom’t wy dizze perfekt-gesintsje-alles-ûnder-kontrôle-tradysje yn stân hâlde. We jouwe takomstige âlden it idee dat dit de realiteit is, sadat sy dizze fasade ek wer oernimme. En kollega-âlden witte wol better. Dêrom sis ik: lit ús by de poppeslok it wiere striidtoaniel sjen litte: spuiplakken op ’e bank,  foeterjende en suterige heit en mem, rûnslingerjende rotsoai. En boppedat: it oprjochte aroma fan farske poepruften. It skilt in soad stress, is wol sa minsklik en de besite stapt wat earder op. Skilt in (poppe)slok op in buorrel.  

Troch: Froukje Dykstra

Ut: De Lytse Heit & Mem nr. 1 2014

Boeketip: Myn kreambesite

product_3309_0_2

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.