heit&mem

De bernewein troch de tiid

Design, komfort en feilichheid binne tsjintwurdich de dingen dy’t telle yn de wrâld fan de berneweinen. Kinst se keapje mei allerhande assessoires, en ek yn kombinaasje mei in reisbedsje, autostuoltsje, buggy, ensfh. En fansels fan it bêste materiaal: feilich, sterk en maklik skjin te meitsjen. Mar dat is no, dat wie net altyd sa. 

Joukje de Jong 23 december 2017

Foar 1840
Al iuwenlang wurde babys ferfierd troch se te dragen, bygelyks yn in draachsek. Dat jout de mem de frijheid om gewoan har wurk te dwaan of te reizgjen. Om de santjinde iuw hinne komme de earste karkes foar it ferfieren fan bern, earst lutsen troch bisten en letter troch húspersoniel.

1840-1880
Yn 1840 start yn Ingelân de fabryksmjittige produksje fan berneweinen. Dat binne dan noch ienfâldige lûkkarkes op trije tsjillen. As de diken letter better wurde, komme der berneweinen dy’t ek treaun wurde kinne. As keninginne Victoria trije weinen foar har bern meitsje lit, is de hikke fan de daam.
De hegere klasse wol de bern ek rûnride kinne. De berneweinen hawwe houten tsjillen en noch gjin fearren. Dat sil net sa noflik lein hawwe!

1900
Om 1900 hinne lizze heit en mem de poppe op in sachtere ûndergrûn, mar de tsjillen binne noch hurd en stuiterje oer de klinkertdiken. De weinen hawwe noch gjin remmen. Der barre dan ek geregeld ûngelokken trochdat weinen op ’e rin reitsje…

1920
Wienen swart en brún earder de standertkleuren, mei de opkomst fan de yndustrialiaasje yn it begjin fan de tweintiger jierren feroaret der in protte. De weinen binne dan ek yn ljochtere kleuren te krijen en de bakken wurde djipper, langer en swierder.

Baby carriage crib walks vintage blue years 70-801950
Yn de fyftiger jierren komme der nije modellen op ’e merk. Der wurde ek nije materialen brûkt, de weinen krije (massive) rubberbannen en it systeem foar de fearring wurdt flink ferbettere. Dat leit net allinne in stik nofliker, mar triuwt ek folle makliker. Troch de sachte fearring kin de lytse poppe lekker yn sliep skommele wurde.

1960
Om ende by 1960 ferskine der foar it earst berneweinen wêrfan’t de bak los fan it (yntearbere) ûnderstel meinommen wurde kin, bgl. yn de auto. Yn de rin fan de tiid wurde de berneweinen lúkser en moaier foarmjûn. En se wurde net mear allinnich yn in pear standertkleuren levere, leveransiers geane no los mei allerhande kleuren en leverje ek ynnovative lúkse farianten en buggys. Sa komme der bygelyks strânbuggys en kekke stedsweinen.

Freegje jim mem/beppe ris nei har bernewein. 
Dat is faaks it begjin fan in moai petear oer bernekoetsen mei grutte tsjillen.

Blue baby carriage with chrome finish

2000
Om de milenniumwiksel hinne krije ûntwerpers hieltyd mear each foar it design, wat soms te’n koste giet fan it komfort. Der komme nije, hippe merken. Mem én heit wolle no gráách mei de trendy bernewein sjoen wurde. Dochs sjochst ek in tsjinbeweging; âlders wolle de wein brûke dêr’t se sels yn lein hawwe. As dy net mear op souder stiet, dan wurdt Marktplaats neipluze. Want yn in grutte koets kinst sliepe as in prinseske.

Ut: De Lytse Heit & Mem 2016/2017

Hjir in oersjoch fan allegearre moaie berneweinen! 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!