heit&mem

As sliepen in nachtmerje wurdt

De tûme yn ’e mûle, de koesknuffel tsjin it wang en de eachjes tefreden ticht. Der is neat moaier as in berntsje dat hearlik leit te sliepen. Mar der binne genôch poppen en pjutten dy’t it flink yn ’e kant sette as se op bêd moatte. Wat kinst dwaan as sliepen in nachtmerje wurdt?

Nynke van der Zee 18 november 2016

De sinne skynt fleurich op it dak fan de beide sliephûskes as Myja Zijlstra twa pjutten klearmakket om op bêd. Mei tolve lytse pjutten yn de leeftyd fan 10 wiken oant 4 jier wurdt der hiel wat ôfslept by bernedeiferbliuw Bernewrâld yn Reduzum. ‘It lekkerste koest it toch wol yn dizze sliephûskes’, seit Myja, wizend nei de twa ‘kninehokken’ dy’t yn de tún stean. ‘De lûden fan de fûgels, de sûne bûtenlucht en it knusse hûske meitsje dit in ideaal sliepplakje.’ It duorret mar efkes of beide pjutten binne yn dreamelân.

little child sleaping

Goed foar lichem en geast
Alle poppen en pjutten hawwe ekstra sliep nedich om de dei troch te kommen. ‘Slapen is essentieel voor de groei van baby’s en peuters’, knikt Daniëlle Hendriks, sliepdeskundige by it Centrum voor Slaap- en Waakstoornissen fan MCH Westeinde yn Den Haach. ‘Tijdens de slaap doen kinderen niet alleen nieuwe energie op, maar slaap is ook onmisbaar voor hun groei en ontwikkeling. Prikkels en avonturen die kinderen overdag hebben meegemaakt, worden verwerkt tijdens de slaap. Alle indrukken krijgen zo een eigen plekje. Tijdens de slaap hebben de hersenen de tijd om al deze informatie op te slaan en te ordenen. Slaap is dus essentieel voor zowel lichaam als geest.’

Slaap is essentieel voor zowel lichaam als geest

Dochs is it net altyd like maklik om bern yn ’e sliep te krijen. Der binne lytskes by dy’t flink protestearje as se op bêd moatte. ‘Het eerste halfjaar hebben baby’s nog geen duidelijk slaapritme’, leit Daniëlle út. ‘In de buik nemen ze het ritme van de moeder over. Bij een pasgeboren baby is het dan ook belangrijk om je kindje een vast ritme aan te bieden, zodat het op bepaalde tijdstippen het hormoon melatonine aanmaakt waardoor het in slaap valt. Dit hormoon zorgt uiteindelijk voor een eigen biologische klok bij baby’s. Zonder melatonine geen slaap.’

In machtsstriid op bêd
As poppen yn it begjin lestich yn sliep komme, kin dat meardere oarsaken hawwe, wit Daniëlle. ‘Het kan zijn dat ze overprikkeld raken doordat de ouders het te druk hebben. Daardoor ontstaat er bij de ouders een stressstofje en dat merken baby’s meteen. Die stress nemen ze over, waardoor slapen lastig wordt. Wat ik bij veel ouders merk, is dat slapen daardoor een machtsstrijd wordt tussen ouders en kind. Dat kan nooit de bedoeling zijn. Je kunt een kind niet dwingen om te slapen. Slapen moet geen straf worden, maar een mooi, intiem moment zijn tussen jou en je kind.’

Mother hugging sleepy son at the gold field

Ek by bernedeiferbliuw Bernewrâld wurdt fan sliepen in moai momint makke. ‘Wy nimme rêstich de tiid om de bern op bêd te dwaan en ha by elk bern in eigen ritueel’, fertelt Myja. ‘De iene krijt noch in ferhaaltsje, de oare wol noch efkes prate. Elk bern hat sa syn eigen wize om yn ’e sliep te fallen. Dêrtroch ferrint dat hjir hiel kalm. Foar de measte bern is sliepen yntusken in hiel gewoan ûnderdiel fan de dei, lykas fruit iten en bûtenboartsjen.’

As bern lekker sliepe, krije se de kâns om te groeien

Stock photo of a young handsome boy sleeping in a bed with light on his faceGroeie yn de koes
In fêst ritueel is ien fan de belangrykste tips dy’t Daniëlle jout oan heiten en memmen fan bern dy’t net maklik yn sliep falle. ‘Een bedritueel geeft een kind houvast, zodat hij weet wat er gaat gebeuren’, knikt se. ‘En laat kinderen op jonge leeftijd alvast wennen aan hun eigen bedje. Door op vaste tijden je kind in zijn eigen bedje te leggen, leert het om zelf in slaap te vallen.’ By heit en mem op bêd sliepe litte is sterk ôf te rieden, warskôget Daniëlle. ‘Het risico op wiegendood wordt daardoor flink verhoogd. Maar slapen in een bedje bij de ouders op de kamer kan geen kwaad.’

Ek it bûten sliepen yn de saneamde ‘lutjepotjes’ wurket foar bern hiel goed. ‘De rust van buiten kan bij sommige kinderen wonderen doen’, knikt Daniëlle. Yn de bûtensliephûskes fan bernedeiferbliuw Bernewrâld yn Reduzum lizze de twa pjutten noch altyd hearlik te koesen. ‘Dêr kin ik echt fan genietsje’, glimket Myja. ‘As bern lekker sliepe, krije se de kâns om te groeien.’

5 tips foar it sliepen

1. Meitsje it tsjuster yn ’e sliepkeamer en beskermje bern tsjin tefolle ljocht- en lûdprikkels troch ien oere foar bêdtiid gjin apparaten mei byldskermen mear brûke te litten, sa as de telefoan, tablet en laptop. Efkes ‘back to basic’ helpt bern om better yn ’e sliep te kommen.

2. Nim rêstich de tiid foar it sliepritueel, bygelyks troch noch in ferhaaltsje foar te lêzen of tegearre de dei te bepraten.

3. Bliuw sels kalm en wurd net lilk as dyn bern net sliepe wol. Meitsje der gjin machtsstriid fan.

4. Lit de doar iepen of hâld in ljochtsje oan as dyn bern bang is yn it tsjuster. Ek in babyfoan kin goed wurkje om kontakt te hâlden.

5. Meitsje fan it sliepen in yntym momint, gjin straf. Sliepen moat in leuk ûnderdiel fan de dei wêze.

Mear slieptips?
Sjoch ek ris op:

Ut: De Lytse Heit & Mem 2016/2017

Bewaren

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.