heit&mem

Boeketip: Tije

Tante Tjits 14 januari 2023

tantetjits-tijeTije sil ferhúzje. Fan de romte nei de stêd. Elkenien docht krekt as is dat geweldich. Tije leaut der neat fan. Hy wol net in gruttere keamer of op judo. Hy wol folle leaver in grut hiem en in goare dreksleat!

It libben fan Tije stiet op ’e kop. Mar Tije is net lytsbernich. Hy stapt op syn skelter om de stêd te ferkennen. Samar hat er syn earste freon: Tseard. Tseard wennet mei syn rôt Nynke op in skip. Mei Tseard hoecht Tije him net te ferfelen.

Op skoalle moat Tije wol bot wenne. Hy komt yn in klasse fol mei lawaaiïge bern en in juf dy’t spûkbenaud is fan bisten. Lokkich falle de bern alles mei as Tije se ienkear wat better ken. Mar wat docht Tseard ynienen nuver! Wêrom giet er net nei in bistedokter mei Nynke? Wêrom makket er it lekkende dak net? En wêrom liicht er tsjin Tije? Tseard en Tije krije ôfgryslik spul en dat liket net goed!

‘Tije’ is in lekker (foar)lêsboek. Hiel werkenber foar bern fan de romte (lykas ik!) en foar bern út ’e stêd (lykas dy fan my!). Alles belibbest mei Tije mei. Lûdop laitsje as juf op ’e knibbels troch de skoaltún krûpt. De siken ynhâlde as Tije in grutte frachtwein stopje litte moat. En eefkes twa kear slokke as Tije him sa allinne fielt. De yllustraasjes dogge mei. Lyts en ienfâldich of paginagrut en sels troch de tekst hinne; altyd passend by it ferhaal.

Mar… wat is no úteinlik moaier? De romte of de stêd? De romte is geweldich, kinst der safolle belibje en útfine. En de stêd? Dêr kinst fansels krekt itselde oer sizze! Dus Tije kiest net wat moaier is. Klear. En hy hat gelyk.

Tante Tjits
www.tantetjits.nl

 

boek-tijeIt boek Tije is hjir foar € 14,95 te bestellen.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.