heit&mem

Foar myn heechsensitive soan

Ik skreau dit stikje foar myn âldste soantsje. Hy is heechsensityf en hat der wol ris lest fan.

Josette Zwier 12 oktober 2016

Sa lang asto my nedich hast, 
sil ik der foar dy wêze.
Sa lang asto wolst,
sil ik foar dy soargje.

It libben is net earlik,
somtiden wreed,
wêrom kriget de iene alles 
en de oare neat?

Ik wit it net myn berntsje,
in antwurd ha ik net altyd.
Mar ik sil soargje
dat it dy oan neat ûntbrekt.

Wat hasto it soms dreech
foaral my dysels,
sa lilk,
datsto net mear witst wat asto dochst.

It begruttet my,
ik wit faak net wat ik dwaan kin.
Ik hâld dy beet
en fiel dyn fertriet.

In lilkens sa grut
in fertriet net te dragen.
Yndrukken oerspylje dy
net witte watsto dwaan kinst.

Myn heechsensitive mantsje
de wrâld is foar dy soms wat te grut.
Dyn holtsje kin net ferwurkje
wat it allegearre sjocht.

Do fielst alles
Do sjochst alles 
Do hearst alles
It is tefolle

Ik woe dat ik it oernimme koe,
dat ik it maklik foar dy meitsje kin.
Mar it is dyn striid
en ik stean oan dyn side.

Tegearre sille wy leare om te gean,
om te gean mei de frustraasjes
en de lilkens en it fertier.
Tegearre ris gûle as it dochs tefolle wurdt.

Dat heechsensitive is echt lestich,
mar we sille it wol leare,
en oant dy tiid 
hâld ik dy beet.

Koesterje ik dy, 
myn skat,
En hâld ik fan dy 
mei hiel myn hert.

Josette Zwier

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!