heit&mem

Socht: âlders foar it heit&mem panel!

Yn Fryslân wurde twa talen neist inoar brûkt. It Frysk en it Nederlânsk. Taal is altyd oanwêzich. Foaral by jonge bern. Sy binne folop oan it groeien en ûntdekken. Dêrom hawwe Afûk en it SFBO in heit&mem panel opset. 

Joukje de Jong 5 oktober 2016

Wy sykje âlders mei bern yn de leeftiid tusken de 0 en 6 jier dy’t de taalûntwikkeling fan harren bern mei ús diele wolle. Want wêrom brûke Frysktalige bern bygelyks Nederlânsk yn it rollepsul mar oarsom net? En hoe lang wurde de twa talen trochinoar brûkt?

Wy binne tige benijd nei de antwurden! 

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it heit&mem-panel. 

Jou dy no op fia: ynfo@heitenmem.nl 

heitenmem-panel-2016-sunder-snijtekens-1

heitenmem-panel-2016-nl

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!