heit&mem

Bringsto dyn bern twatalich grut?

Nynke van der Zee 1 augustus 2019

Doch ek mei oan ús heit&mem-panel!

‘Mem, mei ik fan ’e middei mei Milan boartsje? Wy sille by syn oma mei de hûn te wandeljen.’ Bern groeie yn Fryslân op mei mear as ien taal. It opgroeien mei ferskillende talen hat ynfloed op de taalûntwikkeling fan bern. Mar hoe wurket dat krekt? Dat wol it heit&mem-panel graach yn kaart bringe. Dochsto ek mei?

De Afûk en it Sintrum Frysktalige Berne-opfang hawwe, yn gearwurking mei de Fryske Akademy en de RUG, koartlyn it heit&mem-panel opset. ‘Dêrfoar sykje wy âlders dy’t ynformaasje diele wolle oer de taalûntwikkeling fan harren bern yn de leeftyd fan 0 oant 6 jier’, leit Sytske de Boer fan it SFBO út. ‘Doel is dat wy mei dy ynformaasje oer in langere tiid sjen kinne hoe’t de ferskate talen harren ûntwikkelje by bern.’

In goed foarbyld is de taal wêryn’t bern boartsje, fertelt Sytske. ‘Op in bepaald stuit brûke Frysktalige bern it Hollânsk as se boartsje. Mar op hokker leeftyd bart dat, wêrtroch komt dat en jildt dat oarsom ek: dat Nederlânsktalige bern yn it Frysk boartsje? Dat binne nijsgjirrige saken om út te sykjen. Troch op grutte skaal mei meardere dielnimmers ûndersyk te dwaan nei dy fragen, kinne wy sjen hoe’t it gebrûk fan de taal yn de rin fan de tiid feroaret.’

Doel fan it panel is om te sjen hoe’t it gebrûk fan de taal
yn de rin fan de tiid feroaret

In haai oan de keukentafel
Elisabeth Mulder-de Jong út Nij Beets is dosinte Ingelsk op it Liudger yn Drachten en docht mei oan it panel. ‘Wy ha trije bern – Jonathan fan 11 jier, Joëlle fan 8 jier en Benjamin fan 6 jier – dy’t wy twatalich grutbringe. Wy prate thús Frysk en op skoalle leare se it Hollânsk’, fertelt Elisabeth. ‘Omdat ik sels op myn wurk in soad Ingelsk praat, doch ik dat thús ek wolris mei de bern. Oan de keukentafel oefenje wy dan in pear wurdsjes. De âldste kin sa stadichoan al hiel wat Ingelske wurden en ek de jongste fynt it prachtich.’

Doe’t Elisabeth troch har doarpsgenoate Lysbeth Jongbloed fan de Fryske Akademy frege waard om mei te dwaan oan it heit&mem-panel hoegde se dan ek net lang nei te tinken. ‘Ik krij sa no en dan in boartersspultsje troch de bus, mei dêrby in evaluaasjeformulier’, fertelt se. ‘Doel is dat ik it spultsje mei Benjamin doch en dan notearje hoe’t er de taal oppakt.’ As foarbyld pakt Elisabeth it spultsje mei de haai út de kast, wêrby’t bern de nammen fan ferskate gebrûksfoarwerpen yn it Ingelsk leare moatte. ‘Dizze shark kin allinnich mar Ingelsk, fertel ik Benjamin’, laket Elisabeth. ‘Dus as er ús ferstean wol, moatte wy ek Ingelsk prate. Dat fûn er echt geweldich en ek Joëlle hat fanatyk oan it spultsje meidien.’

Twatalige tips en trúks
Op it evaluaasjeformulier jout Elisabeth oan hokker Ingelske wurden at Benjamin mei trije kear oefenjen wol en net wist. Dat formulier stjoert se werom nei it SFBO. ‘Sa krije wy ynsjoch oft sa’n spultsje helpt om in bern boartsjendewei in nije taal oan te learen’, leit Sytske de Boer út. Neffens it SFBO is dêr ferlet fan, seker ek foar it Frysk. ‘Aardich wat âlden jouwe oan dat se harren bern twatalich grutbringe wolle, mar yn de praktyk sjogge se dat it bern sels amper Frysk praat’, wit Sytske. ‘Hoe kinst dyn bern yn sa’n sitewaasje op in leuke wize útdaagje om ék it Frysk te brûken? Troch de ûnderfiningen fan de dielnimmers fan it heit&mem-panel te bondeljen, kinne wy nije materialen ûntwikkelje en heiten en memmen goeie tips jaan út de praktyk.’

Op har wurk as dosinte Ingelsk sjocht Elisabeth hoe wichtich at it is om al betiid mei oare talen oan de slach te gean. ‘Hoe earder ast bern de klanken learst, hoe makliker it letter wurdt. Ik lear ús bern thús bygelyks de Ingelske “the”-klank. Dat is in yngewikkelde klank, mar ast der al betiid mei begjinst, ha se dêr aanst gjin muoite mear mei.’ Troch mei te dwaan oan it heit&mem-panel is Elisabeth thús noch aktiver dwaande mei meartaligens. ‘Ik lês in hiel soad foar, Frysk en Nederlânsk. Dat die ik foarhinne ek al, omdat ik it in moai yntym momint fyn. Mar ik fyn it tagelyk ek hiel nijsgjirrich om te sjen hoe’t bern in nije taal leare.’

Ik fyn it hiel nijsgjirrich om te sjen hoe’t bern in nije taal leare

In ferriking foar elk bern
Yntusken dogge sa’n 500 bern mei oan it heit&mem-panel. Mar dêr moatte noch mear by komme, fynt Sytske. ‘Elkenien kin meidwaan, mar betingst is wol datsto teminsten ien bern hast tusken de 0 en 6 jier, omdat dat de leeftyd is dêr’t wy ûndersyk nei dogge. Om it leechdrompelich te meitsjen, kinst ek digitaal meidwaan. Dan krijst de fragelist fia de mail en de spultsjes fia de post of in kontaktpersoan by dy yn de buert.’ Alders dy’t meidogge krije boppedat berjocht as de ûndersyksresultaten beskikber binne. ‘Dy pleatse wy op de heit&mem-webside, sadat elkenien der by kin. En fansels bart dat anonym’, fersekeret Sytske. Elisabeth is no al entûsjast: ‘Us bern fine de spultsjes prachtich. Meartalichheid is in ferriking foar elk bern.’

Jou dy op foar it heit&mem-panel!

Hasto ien of mear bern yn de leeftyd tusken 0 en 6 jier en liket it dy leuk om mei te dwaan oan it heit&mem-panel? It makket net út watfoar taal at jim thús prate: Nederlânsk, Frysk of in oare taal. Do kinst dy opjaan fia ynfo@heitenmem.nl of sjoch hjirneist by ‘meartalich grutbringen’ foar mear ynformaasje.

Nr.1 2016: 8 april 2016

Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer it heit&mem-panel. 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!