heit&mem

Fryske kreamkadootsjes top 10!

Joukje de Jong 26 oktober 2018

Giest op poppeslok? Wy hawwe de aardichste 10 Fryske kreamkadootsjes op in rychje set!

 

romper_2_1

1) In écht Frysk romperke foar it lytse popke. Dat stiet wol sa skattich fynst net? Hy is te krijen yn de maten 62 oant en mei 92. 

€ 7,95
Hjir te bestellen 

product_3786_0

2) De nije âlders hawwe in soad oan in slabke as de poppe aanst ite kin as der wat âlder is. Hy hat in handige klittebânsluting en is makke fan 100% katoen. 

€ 6,95
Hjir te bestellen 

 memfertel

3) Mem, fertel! –  As it popke letter grutter is hat hy in soad fragen foar mem. Bygelyks oer har famylje. Yn dit boek kin mem dat fêst opskriuwe foar letter! 

€ 7,50
Hjir te bestellen 

 sok_blau

4) Fryske sokjes binne nea wei. Yn twa maten te krijen. Hielendal yn de Fryske style. 

€ 2,50
Hjir te bestellen 

 boefje2

5) Dit machtich moaie boevepakje is te krijen yn de maten 62 oant en mei 86. Foar alle lytse boefkes dy’t krekt berne binne!

€ 12,50
Hjir te bestellen 

 product_3751_1

6) Sobbers komme fan pas by lytse poppen. Hjir makkest heit en mem tige bliid mei! Dizze is te brûken fan 0-4 jier. 

€ 3,50
Hjir te bestellen 

 koesers-met-blauw_3

7) Lekker koese mei dizze leuke koesers! It popke sil sa sliepe kinne mei dizze krûpers. Se binne te krijen yn it blau, rôs, griis en wyt

€ 9,50
Hjir te bestellen 

 product_3313_0_2

8) Hoe lestich kin it wêze om in namme te betinken? Yn dit boek steane de moaiste Fryske jonges- en famkesnammen. 

€ 7,50
Hjir te bestellen 

 product_4099_1

9) Dizze mûtskes binne der yn trije farianten te krijen. Mei de tekst famke, jonkje en lytse pop. Hy is 38 sintimeter. Elke poppe hat in mûtske nedich, dus sitst nea ferkeard!

€ 5,95
Hjir te bestellen 

 dach-stjerkes

10) Dizze grutte kaart mei Fryske tekst kinst ferstjoere, ophingje of delsette. Kinst it dus ek weijaan by de poppeslok! Hy kin bygelyks yn de keamer fan de poppe stean. Der sit ek in slúf by. 

€ 6,95
Hjir te bestellen 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!