heit&mem

Ferneamd: Martje

Grutte Martje
Berne op: 31 desimber 1953 en
wennet yn Driezum

Lytse Martje
Berne op: 27 septimber 2015 en
wennet yn Nes

Betsjutting Martje
Masteresse, hearskeresse

Joukje de Jong 12 december 2016

Ferneamd
‘Ik ha fjouwer dochters en allegearre ha se in famke dat nei my ferneamd is. Is dat no net moai? Bern wurde net sa faak mear ferneamd, dus dat is best wol unyk. Ik hie dêr earder nea sa by stilstien en wy hawwe it der ek nea echt oer hân mei ús dochters, dat it kaam best noch wol as in ferrassing. De âldste Martje is no tolve jier en ik stean op ’e foto mei de jongste Martje (sprek út: Martsje), se is hast al wer ien jier.

As de famylje byinoar is binne der wol in soad Martjes, mar dochs is it net echt betiizjend. Want as wy in bepaalde Martje ha moatte, wurdt de efternamme der meastentiids by neamd.

Ik bin sels ek ferneamd, want myn beppe hjitte ek fan Martje. En ik leau dat de namme sels noch fierder giet yn ’e famylje. Eins ha ik myn eigen namme noait sa hiele moai fûn, mar goed, ik hjit no ienkear sa.

Lytse Martje
Ik sjoch Martje (fan de foto) sawat ien kear yn ’e wike. It is sa’n leaf en blier famke. Se laket hast altyd. Dat hat se echt fan Anneke, myn dochter. Dy wie foarhinne ek sa. Ik fyn it hearlik as de beppesizzers op besite komme. Se binne my allegearre like leaf. It is dan altyd gesellich en ja, beppe hat fansels altyd alle tiid.’

Nr. 2 2016: 23 septimber 2016

Boekentip:

1001004010209947

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.