heit&mem

It K-wurd

‘Kut-uur mem, dêr hienen wy ’t op skoalle oer.’

Mem lûkt de wynbrauwen op en sjocht Jort freegjend oan: ‘Ik leau net dat soks yn groep 7 op it roaster stiet, Jort’, seit se.

‘Echt wier’, seit Jort en syn eagen laitsje ûndogensk, mar hy doart mem hast net oan te sjen. Hat hy mem eefkes moai tuk! Prank! Hy wit bêst dat hy it K-wurd thús net sizze mei, mar juf Wytske hie ’t echt, stjerrende wier oer ‘kut-uur’, mei in lange ‘uu’, ‘kut-uuuur’ dus. En no’t er der oer neitinkt snapt hy dêr eins likemin wat fan as fan de lol fan it K-wurd, dêr’t mem meastentiids sa lilk op reagearret.

Ciska Noordmans 7 november 2016

Frisse wyn 
‘It gong oer de finsters dy’t iepen moatte’, fertelt Jort. ‘Laat er maar een frisse wind over Friesland waaien, hat juf sein.’ Dat wol fansels wol mei de finsters iepen. Oant safier hat Jort it noch wol begrepen. Dêrnei hat juf ferteld oer in nije haadstêd mei muzyk, teater en in hiele protte minsken dy’t út it bûtenlân nei Fryslân komme. Dêr waard it al wat fager. By him thús steane der gewoan plantsjes yn it finsterbank. En minsken út it bûtenlân steane oant no ta ek net op ’e stoepe. Lit stean dat sy mei him prate soenen. Eins wie ’t ek wol in spannende gedachte, hoe soe ‘kut-uur’ eins yn it Spaansk klinke?  

‘Frisse wyn?’ seit mem, ‘dan tink ik oan opwaaiende himdsjes oan ’e line. Gong it miskien oer “haute couture”? Dat is Frânsk foar moade dy’t troch ûntwerpers betocht wurdt om minsken op te kideljen mei nije ideeën. Dat is yndie wol wat dreech foar bern út groep 7.’  
Jort suchtet. ‘Lit mar mem.’ Mar mem hâldt oan. 

‘Fertel dan ris wat mear, Jort’, seit se nûgjend. ‘Hast it bygelyks ferkeard ferstien en klonk it as “cuter”? Da’s in Ingelsk wurdsje foar skattiger. Leave wurden meitsje de wrâld moaier’, seit mem dreamerich.

Kultuer
‘Nee!’ ropt Jort no nidich. Dit giet wier de ferkearde kant út. Mem is as in pitbull as it om taal giet. Dy hâldt noait wer op. Jort telt yn syn holle oant trije. Syn geduld is allang op. ‘Frisse wind, vensters open, mensen die dingen doen of maken. Ze komen allemaal naar Friesland’, werhellet Jort de wurden fan juf Wytske. ‘Oh ja… it duorret noch eefkes foar’t dy karavaan mei minsken hjir oankomt. Juf hie ’t oer 2018. Dat is fansels wol in ferskuorrend lange reis. Miskien komme se wol rinnend!’ Jort sjocht mem fol ferwachting oan. Mar mear kin er him net yn ’t sin bringe fan wat juf Wytske ferteld hat. Yn gedachten sjocht hy it al foar him. Hy hat krekt Kruistocht in Spijkerbroek lêzen en lit de lange rigele frjemd ferklaaide minsken yn syn holle foarbyskowe. 

Mem hikket en prûst, sy is slop fan ’t laitsjen. ‘Jort jonge, jim hawwe praat oer kultuer, mei in “l”, en de kulturele haadstêd! Yn 2018 is Fryslân ien grut feest mei minsken dy’t inoar moetsje wolle. Sy litte wat sjen út har lân en wy meie wat fan ús provinsje sjen litte oan oaren. Of hearre litte.’

Jort stiet perpleks, mar moat dan laitsje. ‘Komme se hielendal hjirhinne om ús te besjen en it Frysk te hearren? Wat in grap! Dat sil nochris in spraakferwarring jaan!’

Ciska Noordmans 

Nr. 2 2016: 23 septimber 2016

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!