heit&mem

Kleureblyn? Dat is net sa swart-wyt

Monique Flinker 14 oktober 2017

Sa’n acht prosint fan de jonges is kleureblyn. By famkes komt it minder faak foar: 0,4 prosint fan harren hat dy ôfwiking. Mar wat is it no krekt? En wat betsjut it?

Kleureblyn?
Eins is ‘kleureblyn’ net hielendal in goede term. Want fierwei de measte minsken mei dy ôfwiking sjogge wol kleuren. Mar se sjogge se net allegear. En guon kleuren lykje foar harren o sa op elkoar.

Lykas by Hendrik Posthumus. Hy is 38 jier. Op de basisskoalle kamen se derachter dat er kleureblyn is. ‘Ik bin net in hiel slim gefal hear’, seit er. Hy fynt it ûnderskied tusken read en grien hiel lêstich. Dat is ek de meast foarkommende fariant.

Dy kleuren lykje foar my hiel bot op mekoar.

Giel gers
Hendrik fernaam it foar it earst op de basisskoalle. ‘Myn earste herinnering dêroan is dat ik it gers giel kleure.’ Ut de test fan de skoaldokter die bliken dat er kleureblyn is. ‘It wie lêstich mei it kleurjen en fervjen, mar fierder rêde ik my der aardich mei op skoalle.’

GGD Fryslân test alle bern op de basisskoalle yn groep 2 op kleureblinens. Dat dogge se mei in spesjale metoade. Dêrmei moatte bern siferkes sjen yn kleurde rûntsjes. De kleuren binne sa op mekoar ôfstimd dat ien dy’t de ôfwiking hat, de Basic RGBsiferkes net (goed) sjocht. 

As kleureblinens fêststeld wurdt, dan wurde fansels earst de âlders bypraat. En as dêr tastimming foar is, ek de juf of master. ‘Die kan daar dan rekening mee houden in de klas’, fertelt GGD-arts Aafke de Koning.

Die kan daar dan rekening mee houden in de klas. 

‘Bijvoorbeeld door opdrachten een beetje anders te doen. Vraag niet om bepaalde woorden met kleuren te markeren, maar laat de kinderen ze onderstrepen. En plak namen van kleuren op de stiften’, neamt De Koning as foarbyld.

Erflik
Kleureblinens is in erflike ôfwiking. Je wurde der mei berne en it giet noait wer oer. By Hendrik sit it yn de famylje, syn pake hie it ek. Sels hat Hendrik trije bern. De âldste twa, fan seis en fiif jier, binne net kleureblyn. De jongste moat noch twa wurde en is dus ek noch net testen.

‘It is moai dat myn twa âldsten it net hawwe, mar hie dat wol sa west, dan wie it ek gjin ramp’, seit Hendrik. Je moatte der rekken mei hâlde, mar der is prima mei te libjen, fynt er.

Fansels binne der wol sitewaasjes dat er it fernimt. As er oan it knutseljen is mei syn bern bygelyks. ‘Dan twifelje ik hiel bot oft ik wol de goede kleur haw.’ En as er yn de hjersttiid yn it bosk kuierautumn leafs over whiteet, dan lykje alle kleuren op mekoar. ‘It is hiel dreech út te lizzen oan ien dy’t it net hat’, seit er, ‘mar ik kin dan net sjen oft in bledsje read, brún of grien is.’ 

 

Mar wat feroarsaket no krekt kleureblinens? ‘Kleurenblindheid wordt doorgegeven via het zogenoemde x-chromosoom. Dit betekent dat als opa kleurenblind was, de kans groot is dat het via zijn dochter (de moeder) weer bij de zoon komt’, leit GGD-arts De Koning út.

Een gezond oog kan de drie hoofdkleuren onderscheiden: rood, groen en blauw.

‘Daarmee zie je zo’n 160 kleuren en wit’, ferfolget se. ‘Om die hoofdkleuren te kunnen onderscheiden, zitten er cellen oftewel kegeltjes in je oog. Als die kegeltjes niet goed werken, dan ben je kleurenblind.’ Al neamt se it sels leaver net kleureblyn, want dat ropt in soad ferkearde yndrukken op.

Kleuren zwak
‘Vaak denken mensen dat iemand die kleurenblind is, alles in zwart-wit ziet. Dat is bijna nooit het geval. Daarom zou het eigenlijk ‘kleurenzwak’, of ‘gestoord kleurenzien’ moeten worden genoemd’, fynt se.

Foar de measte âlders dy’t te hearren krije dat harren bern kleureblyn is, komt it net hielendal as in ferrassing.

‘Meestal was er al een vermoeden en vallen de puzzelstukjes op hun plaats. Een enkele keer zijn ouders oprecht verbaasd’, seit De Koning.

Foar âlders jout de GGD net echt advizen om dingen oars te dwaan. ‘Dat heeft weinig zin. Misschien dat een kind thuis een keer twee kleuren sokken aantrekt, maar hoe erg is dat eigenlijk? Wij richten ons vooral op de school.’

De Koning wurket as skoaldokter yn Frjentsjer en Harns. Yn dat gebiet stelt sy gemiddeld by ien of twa jonges yn ’e moanne kleureblinens fêst. By famkes is dat ien of twa kear yn it jier. 

Defocused eyeglasses laying on colored paper on a wooden desk.

Hat soks ek grutte gefolgen foar bern? Op skoalle kin der tsjintwurdich goed rekken mei hâlden wurde. Mar bepaalde beroppen binne útsluten foar minsken dy’t kleureblyn binne. Tink oan it wurkjen as piloat of masinist. Dêr is it ûnderskieden fan kleuren wol letterlik fan libbensbelang.

Nr 2 2016: 23 septimber 2016

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.