heit&mem

Ik wol fierder mei myn dream

Ciska Noordmans 3 oktober 2016

Hiltje Kooistra (31) is 35 wiken yn ferwachting fan har fjirde berntsje.

Hiltje en har man Wietse binne 6 jier troud en ferwachtsje ein septimber in broerke of suske foar Jelte (hast 5), Marije (hast 3) en Jurre (1).

Gesellich
“Dapper”, sizze guon freondinnen, no’ t wy de fjirde yn ús gesin ferwachtsje.’ Hiltje hellet de skouders op. ‘Wy fine it krekt hiel gesellich’, seit se. ‘We hawwe der bot sin oan. Ik bin sels de fjirde út in rige fan fjirtjin en myn man Wietse komt út in rige fan fiif bern. Wy wenje lekker bûtenút, ticht by Aldegea (S). De bern hawwe net in soad prikkels, útsein alles wat op ús eigen hiem bart. Se kinne moai mei-inoar boartsje en groeie mei-inoar op. It is allegear best te dwaan, ast mar foar eagen hast watsto graach wolste. Dan kin der in soad!

Nanny
Wy witte al oft it in jonkje of in famke wurdt en wy hawwe ek al in namme foar de lytse poppe, mar dat is it dan ek. It keammerke is noch net klear en in kaartsje hawwe wy ek noch net útsocht. Krekt as by de oaren hawwe we sels in namme betocht. Foar in moaie tekst op it kaartsje wol ik noch eefkes goed de tiid nimme. Gelokkich hawwe wy noch in pear wike. Fierder hawwe wy help fan in nanny, Miranda. Miranda is ús twadde nanny en komt út Sint-Nyk. Se is no in goed jier by ús en it befalt geweldich. Har tiden stimme wy ôf op myn baan. De bern binne sljocht op har en sy rêdt har mei alles!

Sadwaande ha ik ek alle tiid foar myn eigen wurk njonken de húshâlding. De bern hoege net nei de opfang en kinne mei-inoar as broerkes en suskes opgroeie.

Takomst
Myn man Wietse runt de buorkerij en ik ha in parttimebaan yn de soarch. By Ikenhiem, in lytsskalich ferpleechhûs yn Beetstersweach, begelied ik kliïnten mei net-oanberne harsenletsel, bgl. ûntstien troch in spiersykte of in ûngelok. Fansels ha ik net foar neat nei skoalle west. Ik ha in protte nocht oan myn wurk en ik bin ek fan doel om fierder te learen. Earst wolle wy alles goed op ’e rit hawwe mei ús húshâlding en dan wol ik fierder mei myn dream. Myn doel is letter in soarchbuorkerij oan hûs te begjinnen, foar autisten of jongeren mei gedrachsproblemen. Mar no earst wol ik my konsintrearje op de komst fan de lytse.’

Nr. 2 2016: 23 septimber 2016

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!