heit&mem

De striid tsjin ûnsichtbere strieling

Nynke van der Zee 28 oktober 2016

Pineholle, kramp, konsintraasjeproblemen en net yn ’e sliep komme kinne. Wa’t sûnensklachten út dit rychje herkent, moat efkes goed oplette. WiFi-strieling kin nammentlik de oarsaak wêze fan dy klachten. In oarsaak dy’t net te sjen is, mar wol foar problemen soarget. ‘In taboe dat wy heechnedich trochbrekke moatte’, fine Karlijn Houben en Tineke Dijkstra.

Oeral is hjoed-de-dei wol WiFi: op skoalle, thús, mar ek op strjitte en yn winkels. Maklik foar wa’t de hiele dei online wêze wol, mar in nachtmerje foar minsken dy’t lêst fan dy strieling hawwe. Want WiFi-strieling kin serieuze sûnensklachten jaan, witte Karlijn Houben út Snits en Tineke Dijkstra út Harns.

In taboe trochbrekke
Yn har eigen bedriuw Bij Pees jout Karlijn as pedagoge en babycoach bewust omtinken oan it risiko fan strieling yn ’e hûs. ‘Heiten en memmen sjogge my meastal fernuvere oan’, fertelt se. ‘Dat is it grutte probleem fan strieling: it is net taastber, it is net te sjen en de measte minsken fiele it net. Mar der binne útsûnderingen: bern en folwoeksenen dy’t der ekstra gefoelich foar binne en dêrtroch sûnensklachten krije, sûnder dat se witte wat de oarsaak is.’

Dat taboe moat trochbrutsen wurde, fynt ek Tineke Dijkstra út Harns. Tineke is de mem fan Dewi (1,5) en sy ûntduts nei in lange syktocht dat har dochter lêst hat fan strieling. ‘Dewi is yn novimber 2014 berne’, fertelt se. ‘It is in sûn famke, mar dochs slagge it ús net om har nachts trochsliepe te litten. Alle nachten waard se wol fiif kear wekker en krûpte dan hielendal nei it fuottenein fan har bêd. Ik fielde fan it begjin ôf oan dat dat net doogde. Mar fyn dan mar ris út wat krekt de oarsaak is.’

‘Sjochst strieling miskien net,
mar kinst der wol in hiel soad lêst fan ha’

De stekker derút
Uteinlik stjoert Tineke begjin 2015 in mail nei har homeopaat, dy’t har advisearret om thús alle stekkers fan radio’s, modems, telefoans en oare apparaten út it stopkontakt te lûken. ‘Ik fûn it in frjemd advys, mar wy ha it daliks útprobearre’, fertelt Tineke. ‘Dy nachts sliepte Dewi poerbêst. Soe strieling dan wier de oarsaak wêze fan har sliepproblemen? Wy ha de proef op de som naam. Doe’t wy de stekkers der op in dei wer yn diene, wie it dy nachts fuort wer mis. Mear bewiis hiene wy net nedich.’

Ek by Karlijn thús binne de stekkers nachts út de stopkontakten. ‘Us dochter Emma (5) hat krekt as ik lêst fan strieling’, fertelt Karlijn. ‘Wy hawwe dêrom de WiFi safolle mooglik út yn ’e hûs. Mar strieling komt ek fan gewoane elektryske apparaten en sparlampen. En net te ferjitten: de babyfoan. Dat is ien fan de grutste strielingsboarnen yn ’e hûs, wylst dat ding ek noch it measte brûkt wurdt by lytse poppen. Hoefolle minsken ha wol net in babyfoan njonken it ledikantsje fan harren baby stean, sûnder dat se witte watfoar skea at dy strieling oan harren bern tabringe kin?’

Risiko op echte skea
En dêrmei komme wy ta de kearnfraach: kin strieling wier skea tabringe oan ús sûnens? ‘Ik bin der wis fan’, knikt Karlijn. ‘Der binne wittenskiplike ûndersiken dien dy’t sjen litte dat strieling oanwiisbere skealike effekten hat en boppedat it risiko op kanker fergruttet. En ik sjoch sels alle dagen it bewiis, as myn dochter yn in strielingsfrij hûs wer ta rêst komt.’

Ek Tineke sjocht hoe’t har dochter fleurich boartet sûnt de strieling út ’e hûs is. ‘Hiene wy dat mar earder witten, dan hiene we it folle earder dien’, fertelt se. ‘Ik tink dat der folle mear bern binne dy’t lêst fan strieling hawwe, allinnich witte heiten en memmen dat net. Ek by de kreamsoarch of op it konsultaasjeburo wurdt neat oer it risiko fan strieling ferteld. Dat is dochs nuver? Heech tiid dat der mear omtinken komt foar dit ûnderwerp.’

‘Der binne wittenskiplike ûndersiken dien
dy’t sjen litte dat strieling skealike effekten hat’

Bewust wurde fan strieling
Mear omtinken foar it risiko fan strieling: dat is ek de missy fan Karlijn. ‘Strielingsfrij sille wy de wrâld wol net mear meitsje kinne’, jout se ta. ‘Dus is myn doel om it sa strielingsearm mooglik te meitsjen. Dat kin hiel simpel troch te ynternetten fia in kabeltsje yn dyn kompjûter of laptop. En Emma mei fan ús bêst op de tablet, mar dan allinnich op de “vliegtuigstand”,  dus mei de WiFi út. Wy hoege net werom yn de tiid, mar ik wol wol graach dat heiten en memmen har bewust wurde fan it feit dat strieling net altyd like sûn is. As dat my slagget bin ik tefreden.’

Sûnensklachten troch strieling:

  • Pineholle
  • Sliepproblemen
  • Konsintraasjeproblemen
  • Spierpine op kramp
  • Hyperaktiviteit

Tips foar in strielingsfrij hûs

1.      Kies foar ynternet fia in kabeltsje yn dyn laptop en belje mei in fêste telefoan.

2.      Set de tablet en telefoan op de ‘vliegtuigstand’ as bern dermei boartsje.

3.      Hâld wekkerradio’s en babyfoans út de sliepkeamer fan dyn bern.

4.      Doch de telefoan op de speaker ast bellest, sadatst him op ôfstân fan dyn holle hâlde kinst.

5.       Helje foar de nacht safolle mooglik stekkers út it stopkontakt.

Mear witte oer strieling?
Sjoch op www.beperkdestraling.org of www.kinderenenstraling.nl.

Nynke van der Zee

Nr. 2 2016: 23 septimber 2016

Boekentip:

9200000021924309

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!