heit&mem

Wêrom foarlêze?

Joukje de Jong 2 juni 2017

Foarlêzen skept in bân tusken âlder en bern en is goed foar de taalûntwikkeling.

Foarlêze! Dêr begjint it mei! Tegearre in boekje lêze, plaatsjes oanwize en ferhaaltsjes fertelle, fersterket de bân mei dyn poppe. En bern der’t as lytse poppe al oan foarlêzen wurdt, binne letter better yn taal. Kinst net op ‘e tiid genôch begjinne mei foarlêzen.

Redenen om faak foar te lêzen op in rychje:

  • Foarlêzen fergruttet de de wurdskat fan bern.
  • It prikkelet de fantasy en sosjaal-emosjoniele feardigens.
  • It helpt bern it lústerjen learen en te konsintrearjen.
  • It taalgefoel wurdt op in boartlike wize ûntwikkele.
  • It jout bern ynformaasje oer de wrâld om hun hinne.
  • It lokt aktyf taalgebrûk út.
  • It is leuk!
     

Mar wêrom no krekt ek foarlêze yn it Frysk?
Foar it grutbringen fan in bern yn it Frysk is it hiel wichtich dat it gebrûk fan it Frysk fan de berte ôf hiel aktyf stimulearre wurdt. Dat jildt foar bern dêr’t thús troch beide âlders Frysk praat wurdt en ek foar bern dêr’t ien âlder Frysk praat. Dêrneist is it wichtich dat it bern wit dat beide talen lykweardich binne. Dat hâldt yn dat it wichtich is dat yn de omjouwing fan it bern safolle mooglik Frysk praat wurdt. Op dizze wize is de kâns it grutst dat it bern it Frysk as syn memmetaal brûke sil.

It Nederlânsk sil dêrby lykweardich opgean, omdat it bern om him hinne al genôch taaloanbod yn it Nederlânsk krijt. Sjoch marris nei de televyzje, it ynternet en de boeken: hjir hawwe de measte bern elke dei mei te krijen. En faak is dit yn it Nederlânsk. Krekt dêrom is it wichtich om dit ek yn it Frysk oan te bieden. It Tomke-projekt wol âlders en opfieders op ‘e hichte bringe en hâlde fan de materialen yn it Frysk en dêrby tips foar it gebrûk jaan.

Sjoch dêrom:

Boeken: Foar Fryske (printe)boeken dy’t geskikt binne foar poppen, krobben en pjutten sjoch yn de Afûk websjop

Foarlêstips: Besjoch bygelyks dizze artikelen foar tips by it foarlêzen: Lêze mei lytse poppen, 15 minuten deis lêze, sa makkest it leuk! en De 10 beste foarlêstips!

Taalûntwikkeling: Sjoch foar mear ynformaasje oer de ûntwikkeling fan dyn bern op it mêd fan taal op www.taalgroeimeter.nl 

Bron: www.tomke.nl 

Hjir in oersjoch mei allegearre leuke foarlêsboeken yn it Nederlânsk. 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!