heit&mem

Taalûntwikkeling – fiif jier

Joukje de Jong 26 oktober 2016

It einstadium fan de taalûntwikkeling komt mear yn sicht. Sa’n trijekwart fan wat it bern seit kinne ûnbekenden al goed ferstean. De algemiene struktuer fan de taal of talen krije foarm; wurden wurde hieltyd mear ta sinnen foarme. Fan in goede grammatika is noch gjin sprake. Bern fan dizze leeftiid tinke logysk nei en meitsje fouten by it bûgjen fan tiidwurden as ‘falte’ y.p.f. foel. It bern kin somtiden noch wurden yn meardere talen yn ien sin brûke. Dat komt om’t it bern noch hieltyd mei de talen oan it eksperimintearjen is.

Ek persoanlike foarnamwurden, sa as ik, do, wy, binne noch dreech foar in beuker. Guon bern neame harsels dêrtroch by eigen namme. Hy kin eksperimintearje mei taal en talen yn it rollespul en dêrby hieltyd better rekken hâlde mei dyjinge dy’t tsjin him praat. It bern kin syn taalgebrûk hieltyd mear oanpasse oan de persoan wêr’t hy mei praat. Bern dy’t fanôf de berte twa talen tagelyk leare, kenne as se in jier as 5,6 binne, eins foar alle begripen de wurden yn beide talen.

TIPS:
Ferbetterje sinnen freonlik.
It bern leart op in kreative wize in taal of meardere talen te brûken yn it deistich libben. Ferbetterje dêrom de flaterkes dy’t it bern makket op in freonlike wize, dat wurket foar it bern bemoedigjend en stimulearjend om te praten en dermei troch te setten.

Stimulearje rollespul, mar ferjit de Fyske taal net.
Beukers fiere graach rollespullen út. Dit dogge sy faak yn it Nederlânsk, omdat sy tonielspylje. Dat is hiel normaal, mar stimulearje ek tonielspul in it Frysk, troch sels bygelyks it Fryske pesonaasje te spyljen.

Wês ynteresearre in talen.
Lit it bern merke datsto yntresearre bist en it leuk fynst dat hy of sy safolle mei taal/talen dwaande is. Praat, sjong en lês thús in protte mei it bern en doch dit safolle mooglik yn de minderheidstaal (byg. Frysk, in streektaal of dialekt). It bern komt op dizze leeftyd mear yn oanrekkeing mei de bûtenwrâld en dêrtroch ek mei de mearderheidstaal (Nederlânsk). Foar de ferwerving fan meardere talen is in stimulâns yn de minderheidstaal fan belang.

Unthâld dat elts bern unyk is en op eigen tempo himsels ûntwikkelet.

product_3483_0

Tomke hânpop –  Mei dizze hânpop kinst rollespul yn it Frysk stimulearje. Sa kinst dyn bern derby belûke ast in ferhaaltsje fertelst. Hy is útwaskber. Hjir te bestellen foar € 9,95. 

Sjoch op de taalgroeimeter foar mear ynformaasje. 
Klik hjir foar de folder ‘Talen kleurje dyn libben’. 

_________________________________________________________________________________________

Het eindstadium van de taalontwikkeling komt meer in zicht. De algemene structuur van de taal/talen krijgt vorm; woorden worden steeds meer tot zinnen gevormd. Van een goede grammatica is nog geen sprake. Kinderen van deze leeftijd denken logisch na en maken bij het vervoegen van werkwoorden fouten als ‘valte’ i.p.v. viel. Het kind kan soms nog woorden in meerdere talen in één zin gebruiken. Dat komt omdat het kind nog steeds met de talen aan het experimenteren is. 

Ook persoonlijke voornaamwoorden, zoals ik, jij, wij, zijn nog lastig voor een kleuter. Sommige kinderen noemen zichzelf daardoor bij hun eigen naam. Het kind kan experimenteren met taal en talen en daarbij steeds beter rekening houden met hun gesprekspartner. Het kind kan zijn taalgebruik steeds meer aanpassen aan de persoon waarmee hij spreekt. Kinderen die vanaf de geboorte twee talen tegelijk leren, kennen als ze een jaar of 5,6 zijn, eigenlijk voor alle begrippen de woorden in beide talen. 

TIPS:
Verbeter zinnen vriendelijk.
Het kind leert op een creatieve manier een taal of meerdere talen te gebruiken in het dagelijks leven. Verbeter daarom de foutjes die het kind maakt op een vriendelijke manier, dat werkt voor het kind bemoedigend en stimulerend om te praten en daarmee door te gaan.

Stimuleer rollenspel, maar vergeet de Friese taal niet.
Kleuters voeren graag rollenspelen uit. Dit doen zij vaak in het Nederlands, omdat zij toneelspelen. Dat is heel normaal, maar stimuleer ook toneelspel in het Fries, door zelf bijvoorbeeld het Friese personage te spelen.

Wees geïnteresseerd in talen.
Laat het kind merken dat je geïnteresseerd bent en het leuk vindt dat hij of zij zoveel met taal/ talen bezig is. Praat, zing en lees thuis veel met het kind en doe dit zoveel mogelijk in de minderheidstaal (bijv. Fries, een streektaal of dialect). Het kind komt op deze leeftijd meer in aanraking met de buitenwereld en daardoor ook met de meerderheidstaal (Nederlands). Voor de verwerving van meerdere talen is een stimulans in de minderheidstaal van belang.

Onthoud dat elk kind uniek is en op eigen tempo zichzelf ontwikkelt.

product_3483_0Tomke handpop – Met deze handpop kun je rollenspel in het Fries stimuleren. Zo kun je je kind erbij betrekken als je een verhaaltje vertelt. Hij is uitwasbaar. Hier te bestellen voor € 9,95.

 

Kijk op de taalgroeimeter voor meer informatie.
Klik hier voor de folder ‘Talen kleuren je leven’. 

Bron: www.tomke.nl 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.