heit&mem

Taalûntwikkeling – trije jier

x 7 oktober 2016

In pjut fan trije jier koe passyf al in protte begrippen, de útwreiding fan de aktive wurdskat komt no ek yn in streamfersnelling. It bern brûkt langere sinnen en hat by in petear de help fan syn âlden net mear nedich. Hy is al dúdliker yn de útspraak en kin himsels makliker fersteanber meitsje. De pjut stelt in protte fragen en kontrolearret it eigen taalfermogen: ”Heity, dit is in krante, hin?”.

TIPS:
Nim de tiid om te harkjen en antwurd te jaan op de fragen.
In bern fan trije kin in petear fiere en fynt it aardich om te praten asto de tiid nimst om te harkjen.

Taalspultsjes spylje.
Dyn bern hat der aardichheid oan om fragen te beäntwurdzjen of opdrachten te dwaan en is sljocht op wurdspultsjes mei ûnsinwurdsjes, rymkes en riedseltsjes.

Folhâlde: Bliuw de minderheidstaal praten.
Asto Frysk praatst tsjin ‘e bern en dyn partner Nederlânsk (of oarsom) dan is it goed mooglik dat it bern in foarkarstaal begjint te ûntwikkeljen. En faak is dat it Nederlânsk, omdat dat de maatskiplik sterkere taal is. De krúsjale faktor is FERLET. It bern moat yn ‘e gaten krije – meastal giet dat ûnbewust– dat it beide talen nedich hat yn it deistich libben. Gean foaral troch mei it bewust oanbieden fan it Frysk, oars ûntwikkelet dy taal him net fierder by jim bern.

product_4197_0

100 x Tomke – 100 ferhaaltsjes om foar te lêzen yn it Frysk. Hjir te bestellen foar € 9,95.

Sjoch op de taalgroeimeter foar mear ynformaasje.
Klik hjir foar de folder ‘Talen kleurje dyn libben’.

_________________________________________________________________________________________

Een peuter van drie jaar kende passief al veel begrippen, de uitbreiding van de actieve woordenschat komt nu ook in een stroomversnelling. Het kind gebruikt langere zinnen en heeft bij het voeren van een gesprekje de hulp van zijn ouders niet meer nodig. De uitspraak van het kind is al duidelijker en het kan zichzelf gemakkelijker verstaanbaar maken. Het kind stelt veel vragen en controleert zijn eigen taalvermogen: ”Pappa, dit is een krant, hè?”.

TIPS:
Neem de tijd om te luisteren en antwoord te geven op de vragen.
Een kind van drie jaar kan een gesprek voeren en vindt het leuk om te praten als jij de tijd neemt om te luisteren.

Taalspelletjes spelen. 
Je kind vindt het leuk om vragen te beantwoorden of opdrachtjes te doen en is gek op woordspelletjes met onzinwoordjes, rijmpjes en raadseltjes.

Volhouden; blijf de minderheidstaal spreken.
Als jij Fries tegen het kind praat en jouw partner Nederlands (of andersom) dan is het goed mogelijk dat jullie kind een voorkeurstaal begint te ontwikkelen. En vaak is dat het Nederlands, omdat dat de maatschappelijk sterkere taal is. Het is normaal dat het kind op deze leeftijd een voorkeurstaal heeft, zolang de ouders in beide talen maar genoeg input geven. De cruciale factor is BEHOEFTE. Het kind moet gaan inzien – meestal gaat dat onbewust  – dat het beide talen nodig heeft in het dagelijks leven. Anders wordt de minderheidstaal niet verder ontwikkeld.

Kijk op de taalgroeimeter voor meer informatie.
Klik hier voor de folder ‘Talen kleuren je leven’.

product_4197_0

100 x Tomke – 100 verhaaltjes om voor te lezen in het Fries. Hier te bestellen voor € 9,95. 

Bron: www.tomke.nl 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.