heit&mem

Taalûntwikkeling – ien jier

Joukje de Jong 7 oktober 2016

In poppe fan ien jier seit syn earste wurdsjes of makket losse, wurdeftige lûden. Hy docht aktyf mei oan in petear, benammen mei lichemstaal. De poppe begrypt folle mear ast dat it sizze kin. Begryp komt altiten earder as spraak. By +/- oardel jier praat hy/sy meastal yn sintsjes fan ien wurd. Earst komme de haadwurden, dan de tiidwurden. De wurdsjes wurde kombinearre ta sintsjes fan twa wurden, lykas ”Net sliep” en ”Heity sliep”. 

TIPS:
Jou it bern de tiid.
It is folslein normaal dat in bern it praten wat útstelt wylst it syn wurdskat opbout en fergruttet; dat is de ‘faze fan it sammeljen’ en dy komt foar de ‘wurde-eksploazje’. Twatalige bern binne wurden en begrippen fan twa talen oan it sammeljen dat kostet soms wat mear tiid.

Jou útlis.
Jim bern is tige benijd nei alles wat der om him hinne bart. It wiist faak nei dingen dy ’t flakby binne en wol dan witte wat dat is of hoe’t it hjit. Beneam de dingen en jou ienfâldige útlis.

Werhelje wurdsjes dy ’t dyn bern seit.
Folje de sintsjes fan ien of twa wurdsjes oan. Besjoch tegearre boekjes en lês printeboekjes mei dúdlike, ienfâldige ferhaaltsjes. Soargje derfoar dat dyn bern de boekjes sels beet pakke kin.

hoi_stip

Hoi, Stip! – Is in boekje om oan de buggy te hingjen. It is in stevich boekje dy’t it bern sels beetpakke kin. Hjir te bestellen foar
€ 7,50.

Klik hjir foar de folder ‘Talen kleurje dyn libben’. 

________________________________________________________________________________________

Een baby van één jaar zegt zijn eerste woordjes of maakt losse woordachtige klanken. Hij neemt actief deel aan een gesprek, vooral met lichaamstaal. De baby begrijpt veel meer woordjes dan het kan zeggen. Begrip komt altijd eerder dan spraak. Bij +/- anderhalf jaar spreekt hij/zij meestal in éénwoordzinnetjes. Eerst komen de zelfstandige naamwoorden, daarna de werkwoorden. De woordjes worden gecombineerd tot tweewoordzinnetjes, zoals ”Niet slaap” en ”Papa slaap”. 

TIPS:
Geef het kind de tijd.
Het is volstrekt normaal dat een kind het praten wat uitstelt terwijl het zijn woordenschat verzamelt en vergroot; we noemen dit de ‘verzamelfase’ en deze gaat vooraf aan de ‘woordexplosie’. Tweetalige kinderen zijn woorden en begrippen van twee talen aan het verzamelen, dat kost soms wat meer tijd.

Geef uitleg.
Jullie kind is uiterst nieuwsgierig naar alles dat rondom hem gebeurt. Het wijst vaak naar iets in de directe omgeving en wil weten wat het is of hoe het heet.

Benoem de dingen en geef eenvoudige uitleg.
Herhaal woordjes die je kind zegt. Vul de één- of tweewoordzinnetjes aan. Bekijk samen babyboekjes en lees plaatjesboeken met duidelijke, eenvoudige verhaaltjes. Zorg dat het kind boekjes voor het grijpen heeft en lees soms voor.

hoi_stip

Hoi, Stip! – Is een boekje om aan de buggy te hangen. Het is een stevig boekje die het kind zelf kan vasthouden. Hier te bestellen voor
€ 7,50. 

Klik hier voor de folder ‘Talen kleuren je leven’.

Bron: www.tomke.nl 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.