heit&mem

Taalûntwikkeling – 3-6 moanne

x 26 april 2017

In poppe fan trije oant seis moanne reagearret op lûden troch de holle nei it lûd te kearen. Hy wurd aktiver yn ’e kommunikaasje, troch middel fan eachkontakt, laitsjen of imitearjen. De poppe makket klinkerlûden, harket nei himsels en is gefoelich foar yntonaasje yn ’e omjouwing. Hy boartet mei de effekten fan toanhichte, folume en ûnderskate klanken. 

TIPS:
Imitearje de mimyk fan dyn poppe.
Doch de gelûdsjes nei en praat mei him of har. Sjong ferskes foar jim bern of lit ferskes hearre, ek Fryske. 

Gean yn op de ynteresses fan it bern.
Praat oer de dingen dy’t it bern nijsgjirrich fynt.

Beskriuw de gefoelens.
Lykas: “O, no bisto bliid/benaud/ferheard, hin?”

Jou it bern de tiid om te reagearjen.
It duorret soms eefkes foardatst reaksje krijst. Praat en laitsje in protte en rillegau silst sels ek talake wurde.

Sjoch op de taalgroeimeter foar mear ynformaasje.
Klik hjir foar de folder ‘Talen kleurje dyn libben’. 

product_4764_0

Wat fielt Stip? – 
In boekje foar poppen wear at allegearre foarmen, kleuren en sifers te fielen binne. Hjir te bestellen foar
€ 11,99. 

_________________________________________________________________________________________

Een baby van drie tot zes maanden reageert op geluiden door zijn hoofd naar het geluid te draaien. Hij wordt actiever in zijn communicatie, door middel van oogcontact, lachen en imiteren. De baby maakt klinkerklanken, luistert naar zichzelf en is gevoelig voor intonatie in de omgeving. Hij speelt met de effecten van toonhoogte, volume en verschillende klanken. 

TIPS:
Imiteer de mimiek van je baby.
Doe de geluidjes na, lach veel en praat met hem of haar. Zing liedjes voor jullie kind of laat liedjes horen, ook Friese. 

Ga in op de interesses van het kind.
Praat over de dingen die de aandacht van het kind trekken.

Beschrijf zijn gevoelens.
Zoals: “Oh, nu ben je blij/bang/verbaasd, hè?”

Geef het kind de tijd om te reageren.
Het duurt soms even voordat je een reactie krijgt. Praat en lach veel, dan zul je ook al gauw zelf toegelachen worden.

Kijk op de taalgroeimeter voor meer informatie.
Klik hier voor de folder ‘Talen kleuren je leven’.

product_4764_0

Wat fielt stip? – Een boekje voor baby’s waar allemaal vormen, kleuren en cijfers zijn te voelen. Hier te bestellen voor  
€ 11,99. 

Bron: www.tomke.nl 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.