heit&mem

Nifelwurkjes hjerst

Joukje de Jong 12 oktober 2016

De hjerst stiet wer foar de doar. Hoe aardich is it om dan gesellich mei dyn bern te nifeljen. Dêrom hawwe wy alle Tomke nifelwurkjes foar de hjerst op in rychje set! 

hjerst-memoryHjerst memory
Nedich:
– Printer
– Papier
– Stevich papier/karton

Printsje de pagina’s twa kear en knip de plaatsjes út. Plak se op stevich papier en no kinst memory dwaan.

Hjir kinst de memory dellade.



Aktiviteit mei paraplu ‘
It Reint!’
Nedich:
– Wurkblêd Paraplu
– Waskokrytsjes
– Paraplu
– Foto fan ’e bern

It is aardich om dizze aktiviteit te dwaan as it reint of krekt reind hat. Krûp ûnder de paraplu.

De bern meie mei de fingers op ’e paraplu tikje. Dat binne de reindripkes. It reint earst net sa hurd (in pear tikjes), it reint hiel hurd (in hiele boel tikjes), it wurdt wer droech (ophâlde mei tikjen). Dêrnei mei in bern ûnder de paraplu. De bern kinne ek oefenje troch op ’e flier te tikjen. Beneam hieltyd wat de bern dogge.

770-parapluActiviteit mei nifelwurkje
Jou it wurkblêd mei de paraplu oan de bern. Earst meie se reindripkes mei de fingers op de paraplu tikje. Dan meie se mei kryt rein tekenje. Dat kin troch koarte streepkes te meitsjen of rûntsjes. Lit se sels de kleur fan de rein kieze.

Plak de foto fan it bern ûnder de paraplu. Praat mei de bern oer de tekeningen. Reint it in bytsje? Of reint it hiel hurd? Makliker opdracht: De bern tekenje op in grut stik papier reindrippen en net op it wurkblêd.

Hjir kinst it wurkblêd fan de paraplu downloade.

 


 

Sjoch hjir foar noch mear nifelwurkjes!

 

Bron: www.tomke.nl

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!