heit&mem

Heechbegaafd, mar lege Cito-scores

Jesper siet yn groep 4 doe’t de juf syn âlders frege om mei him te oefenjen op kloklêzen. ‘Dêr seagen wy raar fan op’, fertelt syn mem. ‘Hy koe al kloklêze doe’t er 3 wie.’ It wie ien fan de earste sinjalen dat der wat net kloppe. Ferline jier, yn groep 7, waard echt dúdlik wat der oan ’e hân is: Jesper ûnderpresteart.

Arjanne Nijp 24 april 2017

Underprestearje betsjut dat in bern op skoalle net it nivo sjen lit dat by syn of har yntelliginsje past. Jesper Douma (12) fan it Hearrenfean is hiel yntelligint, mar syn Cito-scores binne leech. Foaral mei rekkenjen en begripend lêzen hat er muoite. Doe’t ferline jier ûntdutsen waard dat er ûnderpresteart, siet hy mei syn rekkenjen op it nivo fan groep 4. Yntusken hat er dat yn in jier tiid ynhelle oant it nivo fan healweis groep 7.

Mar dêr is in hiele syktocht oan foarôfgien. ‘Fuort nei de geboarte seach Jesper al hiel helder út syn eachjes’, fertelt mem Frea. ‘As peuterke stelde er fragen dy’t hielendal net by syn leeftyd hearden, hy wie hiel sosjaal en soarchsum, folwoeksen hast.’ Jesper syn âlders tochten dat dat gewoan wie. ‘Oare bern fûnen wy faak mar wat sloom,’ seit heit Johan, ‘mar wy hiene ek gjin referinsjekader, Jesper wie ús earste berntsje.’

‘Jesper is fan novimber, dus hy hat lang kleutere’, giet Frea fierder. ‘Wy hiene wol it idee dat er útdaging nedich hie, dat er graach lêze woe, mar op skoalle liet er dat hielendal net sjen. Hy is gjin haantje-de-voorste.’ Oan ’e ein fan it skoaljier wie Jesper foar it earst in pear wiken wat depressyf. ‘Foarsafier’t je dat depressyf neame kinne, by in bern fan 4.’

De prestaasjes op skoalle wurde hieltyd minder. De learkrachten fernimme dat Jesper hiel gefoelich is foar de sfear yn de groep, en dat er gau ôflieden is. ‘We zagen kenmerken van hooggevoeligheid’, seit juf Henja fan cbs Het Kompas. ‘Dus hebben we geprobeerd prikkels weg te nemen, en kreeg hij extra ondersteuning in de vakken waarop hij uitviel.’ ‘Ik heb een koptelefoon gehad, een scherm om me af te sluiten, of ik moest apart zitten’, fertelt Jesper. Mar it learen giet noch altyd achterút.

illustratie onderpresteren Heit en Mem

Ek de depressive buien wurde troch de jierren hinne hieltyd slimmer. Johan: ‘Oan ’e ein fan groep 5 wie it echt hiel heftich, foar ús allegear.’ Heit en mem wrakselje mar troch. Op ynternet sykje se dingen op oer ûnderprestearjen, en as Jesper yn groep 7 sit geane se nei in lêzing Misdiagnose bij hoogbegaafdheid. ‘Dêr foel alles op syn plak’, seit Frea. Ek juf Henja fynt it in goed idee om Jesper teste te litten op heechbegaafdheid. ‘Zo konden we zekerheid en handvaten krijgen.’

Uteinlik komt Jesper terjochte by Lidy Torenbeek fan Hoogvliegers. Sy jout him ien kear yn de wike ‘verrijking’, ekstra opdrachten om him skerp te hâlden. Ek komt se ien kear yn de wike op skoalle, om Jesper te helpen mei de learstof. ‘De hersenen van hoogbegaafde kinderen werken heel anders. Ze gaan pas iets leren als ze weten waarom ze het moeten leren’, leit se út. ‘En ze moeten eerst het geheel overzien, voordat ze de tussenstappen begrijpen.’ Top-down leare, hyt dat. Wylst it gewoanwei yn it ûnderwiis krekt oarsom is. ‘Jesper is een creatieve denker,’ fertelt juf Henja, ‘nu leert hij bij rekenen de “analytische knop” aan te zetten. Ook hebben we de leerstof compacter gemaakt, en stellen we hoge eisen.’

‘Als kinderen zoals Jesper de “verkeerde” uitleg krijgen, komen ze in een neerwaartse spiraal. Ze moeten extra oefenen, terwijl ze eigenlijk minder oefening en meer uitdaging nodig hebben. Dat kan zich dan uiten in faalangst of werkweigeren, maar ook leiden tot agressie of zelfs depressies en suïcidale gedachten’, leit Lidy út. Jesper waard der hiel ûnseker fan. ‘Ik dacht altijd: dat kan ik niet hoor. Van Lidy heb ik geleerd om te denken: ik kan het nog niet, maar ik kan het wel leren.’

‘Ik dacht altijd dat ik de domste van de klas was’

Ferhalen lykas dy fan Jesper binne eksimplarysk foar ûnderprestearders, wit Lidy Torenbeek. ‘Hoogbegaafde kinderen hebben een heel diep sociaal inzicht, daardoor durven ze zich niet uit te spreken of voor zichzelf op te komen. Ze willen niet onbeleefd of tot last zijn.’ Maar it kin ek hiel oars útpakke. ‘Dat er bijvoorbeeld stoelen door de klas vliegen. Soms komen deze kinderen zelfs in het cluster-4-onderwijs terecht, voor kinderen met ernstige gedragsproblemen. Daar komen ze dan tot rust en kunnen ze hun eigen onderwijsprogramma volgen.’

Op skoallen is faak mar in bytsje kennis oer ûnderprestearjen, wit Lidy Torenbeek. It is ek lestich te werkennen. ‘Als de scores slecht zijn, kijk dan eens met de ouders naar hoe het kind was in de tijd dat het zichzelf durfde te zijn. Geen enkel kind wordt onderpresterend geboren.’ Frea: ‘Tsjin oare âlders wol ik sizze: wês alert en fertrou op dyn yntuysje. Wy binne gjin âlders dy’t altyd by skoalle steane. Se witte dêr ommers hiel goed wat se dogge. Mar no tink ik wolris: wêrom ha wy net wat earder trochpakt?’

Sûnt Jesper wit wat der mei him oan ’e hân is, is hy in hiel oar jonkje wurden, fine syn heit en mem. ‘Hy is selsstanniger en sit folle better yn syn fel.’ Jesper: ‘Ik dacht altijd dat ik de domste van de klas was, maar dat ben ik helemaal niet, ik ben misschien wel een van de slimsten.’

Mear witte? Sjoch op www.hoogvliegersadvies.nl en www.onderpresteren.nl

Tekst: Arjanne Nijp

Ut: heit&mem 2015 nr. 1

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.