heit&mem

Jaloersk op de baby

Mem is swanger en krijt in dikke búk, pjutten fine dat faak megaynteressant. Mar as de lytse poppe der ienris is, kin dat feroarje. No moat de oandacht fan heit en mem ommers dield wurde mei dat lytse broerke of suske. En dat kin bêst lestich wêze. What to do as dyn bern jaloersk is?

Marrit de Schiffart 30 september 2017

‘Soms fernim ik dat Femke (4) it net leuk fynt dat har lytse suske Meike der no ek is’, fertelt Jacoba Nutma-Oldenburger. ‘Bygelyks as se wachtsje moat oant ik klear bin mei de jongste. Se seit der neat fan, mar de teloarstelling is fan har gesichtsje te lêzen. In ekstra krûp docht har dan goed.’ Wy kenne de foarbylden allegear: jaloerske broerkes of suskes dy’t wenne moatte oan in nijkommeling yn ’e húshâlding. ‘Een kind heeft van nature veel aandacht nodig’, seit Hiske van der Laaken, pedagoge by GGD Fryslân Jeugdsûnenssoarch. ‘En dat geldt vooral voor kinderen in de peuterperiode. Zij zijn nog emotioneel afhankelijk van hun ouders en hebben gewoon veel aandacht nodig. Het is dus heel logisch dat ze het moeilijk vinden om die aandacht ineens te delen met een broertje of zusje.’

Jaloersk gedrach

Net alle bern hawwe lêst fan jaloerskens. De iene is no ienris earder oergeunstich as de oare. Boppedat uterje bern harren jaloerskens op ûngelikense manieren. Hiske hat al hiel wat ferskillende reaksjes meimakke yn har wurk. ‘Het ene kind wordt heel druk, terwijl het andere zich juist terugtrekt. Peuters kunnen ook zomaar ineens boos worden of, als papa of mama even niet kijkt, iets doen wat niet mag. Zulk negatief gedrag kun je als ouder bijna niet negeren. Een kind vraagt onbewust om aandacht, dat kan positieve aandacht zijn, maar ook zeker negatieve.’

Fersoargingsmominten binne foar pjutten faak jaloerskmeitsjende mominten. Logysk, just dan giet de oandacht fan de mem foar hûndert prosint nei de baby. ‘Van alle verzorgingsmomenten is de voeding nog wel het allermoeilijkste moment voor je oudste kind. Vooral bij borstvoeding is het zo vanzelfsprekend dat de aandacht van de moeder naar de baby gaat, dat de peuter zich al snel buitengesloten voelt. En dus speelt jaloezie dan vaak op.’

 

andrea kruis

 

Emosjonele selsstannichheid

Wat dochst mei in jaloersk bern as de lytse poppe op bêd leit? Just, alle oandacht oan it jaloerske berntsje jaan. Mar dat is no krekt net de bedoeling, stelt Hiske. ‘Daarmee bevestig je het beeld dat wanneer de baby er niet is, je oudste goed genoeg is om aandacht te krijgen. En daarmee bereik je een averechts effect. Het is juist de kunst om de balans te vinden tussen aandacht en spelen. Kinderen moeten leren dat ze soms aandacht krijgen, maar soms ook alleen moeten spelen of even moeten wachten. En dat geldt altijd, ook als het broertje of zusje in de buurt is.’ Dy emosjonele selsstannichheid kinst dyn bern trouwens ek leare, fertelt de pedagoge. ‘Zelfstandig spelen kun je oefenen door soms gewoon te laten zien dat je niet beschikbaar bent. Geef je kind bijvoorbeeld een puzzel en zeg dat jij even iets anders moet doen. Ga vervolgens de was opvouwen of de vaatwasser uitruimen. Als je dit vaak genoeg doet, begrijpt je kind na een tijdje dat er op zo’n moment geen tijd voor hem of haar is. Als je klusje geklaard is, geef je je peuter uiteraard weer even alle aandacht.’

Net lilk wurde

Omdat it om gefoelens giet, is it net goed om lilk op dyn jaloerske aapke te wurden. Hiske leit âlders altyd út dat se de jaloerskens fan harren bern akseptearje moatte. ‘Toon begrip door bijvoorbeeld aan te geven dat je ziet dat je kind het moeilijk vindt en laat zien dat je nog net zoveel van je kind houdt als voorheen. Juist omdat het om gevoelens gaat is het heel belangrijk om dat te laten merken!’

Tips en trúks
Yn de tiid fan de swangerskip:
• Praat deroer mei dyn bern, dat kin al ast trije moanne swanger bist • Nim dyn pjut mei nei de ferloskundige of lit de echo sjen • Keapje in foarlêsboekje oer in nij broerke of suske • Lit dyn pjut in tekening meitsje foar it babykeammerke of sykje tegearre behang út

As de poppe der is:
• Jou de âldste de rol fan grutte broer of sus en lit him/har bygelyks sokjes foar de poppe pakke • Lit dyn pjut mei in boekje neist dy sitte ast de poppe oan it boarst hast en jou him/har tuskentroch ek wat oandacht • Akseptearje de jaloerskens fan dyn bern en toan begryp • Jou de âldste in pop, sadat dy meidwaan kin asto de baby fersoargest • Lit merke datst noch krekt likefolle fan de âldste hâldst as foarhinne

 

Foarlêstips

 

Jaloerske hûn
Ek húsdieren kinne jaloersk wurde as der in poppe komt. Marjanke van Ekeren út Ljouwert wit dêr alles fan: ‘Myn hûn wie al 12 jier doe’t ús jonkje Djurre berne waard. De earste moannen gong it goed, mar doe’t Djurre krûpe koe, begûn de hûn nei him te grommen. Sadree’t Djurre rinne koe, waard it noch slimmer. Op advys fan de bistedokter joech ik it bist medisinen, mar dy hiene gjin effekt. Djurre fûn de hûn wol leaf en woe him faak oanhelje, mar it hûntsje waard hieltyd falsker. Neffens de bistedokter wie er demint en hie er staar. Hy advisearre om de hûn út hûs te pleatsen. Doe ha ’k him by ús heit en mem brocht, mar dêr wie er ûnwennich: hy iet net mear. Ik ha it bist mar wer mei nei hûs nommen. Efkes letter rekken wy wer swanger, fan in twaling. Ik waard al benaud as ik deroan tocht: trije lytse berntsjes en in falske hûn. It bist wie ûndertusken 14 jier en blyn, dêrom gromme er ek safolle. Mei pine yn myn hert ha ’k de hûn ynsliepe litten. No leit er by ús yn ’e tún. Wy hawwe wer rêst yn ’e hûs, mar ik mis ús hûntsje wol.’

Tekst: Marrit de Schiffart
Yllustraasje: Andrea Kruis
Ut: De Lytse Heit& Mem nr.1 2014

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.