heit&mem

As gastâlder in bydrage leverje oan de taalûntwikkeling by jonge bern

Twatalichheid libbet. Net allinne âlden, juffen en liedsters binne dwaande mei de posysje fan it Frysk neist it Hollânsk by bern, ek gastâlden binne nijsgjirrich nei wat taal mei harren oppasbern docht. Tagelyk ropt twataligens in soad fragen op, safolle waard dúdlik op in kursus meartalich opgroeien, dy’t it SFBO ein ferline jier jûn hat oan 55 gastâlden, ferspraat oer hiel Fryslân.

Thea van der Schaaf 17 juni 2015

‘As gastâlder hast yn Fryslân hiel faak te krijen mei in twa- of meartalige sitewaasje. De bern prate Frysk of Nederlânsk, somtiden in streektaal of in bûtenlânske taal. Ast witst hoe ast dêr as gastâlder mei omgean moatst, kinst in grutte bydrage leverje oan de ûntwikkeling fan taal by bern’, leit Sietske de Roos fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang út. ‘Meartaligens is net samar wat. It hat in soad foardielen, oant in leeftyd fan 7 jier binne bern hiel taalgefoelich. Mar der binne ek saken dêr’t je as alder en gastâlden om tinke moatte om it de bern wol goed oan te learen.’

It SFBO is al sûnt 2003 dwaande mei it stimulearjen fan de meartalige ûntwikkeling by bern troch de wei fan in sertifisearringssysteem op bernedeiferbliuwen en pjutteboartersplakken. Sûnt ein foarich jier kinne gastâlden in kursus folgje oer de meartalige ûntwikkeling. Yn twa jûnen wurdt de gastâlden bybrocht wat meartalichheid ynhâldt, wat de rol fan de gastâlder wêze kin yn de taalûntwikkeling fan in bern, en wurdt der oefene mei sjongen en foarlêzen. De kursus waard yn septimber en oktober oanbean oan de organisaasjes Sisa, Stichting Welzijn Middelsee en SKIK. Dêrneist hat der yn Bûtenpost ek in kursus west mei gastâlden fan ferskate organisaasjes.

De dielnimmers hawwe har eigen manier fan dwaan

De redaksje fan Heit & Mem wie oanwêzich by de kursus dy’t yn Dokkum jûn waard oan gastâlden fan Sisa. De dielnimmers hawwe allegear sa har eigen manier fan dwaan. De iene praat bygelyks yn oerlis mei de âlden, wêrfan’t de iene Frysk is en de oare Hollânsktalich, Frysk tsjin de bern. In oar docht dat automatysk en hâldt ek ‘stuch fol’ as de bern Hollânsk werom prate. ‘Allinnich as sy it echt net begripe wat ik sis, dan sis ik it yn it Hollânsk.’ Wer in oar skeakelt oer op it Hollânsk as ien fan de bern dat ek tsjin de gastâlder praat. Noch in gastâlder fertelt dat se tsjin alle opfangbern Frysk praat, mar it foarlêzen en sjongen ‘fansels yn it Hollânsk’ docht. Foar de lytsten set se it oer nei it Frysk, ‘want dat pakt better’. Guon bern prate by de oppas Frysk, mar sadree’t de âlden binnen rinne, skeakelje se oer op it Hollânsk.

Sietske leit út hoe’t taal ûntstiet by bern. ‘Taal begjint by lústerjen en net pas as bern lûdsjes begjinne te meitsjen of wurdsjes foarmje. As in bern lyts is steane de harsens iepen foar alle talen. Hoe âlder at in bern wurdt, hoe mear rjochting at der jûn wurdt oan de taal. Bern hawwe wol oanbod nedich om in taal goed oan te learen. As gastâlder kinst dêr ek wat yn betsjutte, troch safolle mooglik tsjin bern te praten, dêr in soad wurden by te brûken en op de goede manier te werheljen wat in bern seit.’

Konsekwint wêze yn it taalgebrûk

It wichtichste advys fan de jûn: konsekwint wêze yn it taalgebrûk. ‘Bern leare sa it bêste hokker wurden at by hokker taal hearre.’ Wolst as Hollânsktalige gastâlder it Frysk in plak jaan by it oppassen, lês dan bygelyks in Frysk boekje foar, of sjong Fryske ferskes, praat Frysk mei in hânpop of yn in rollespultsje. ‘Dat is net ferwarrend foar bern. Dy taal heart by dat boekje, ferske of rollespul, de taal dy’tst praatst heart by dy.’

In wike letter. De gastâlden binne werom foar it twadde diel fan de kursus. Se binne it folslein mei elkoar iens dat alles wat der de earste jûns ferteld is harren oan it tinken setten hat. ‘Ik bin my folle bewuster wurden fan wannear’t ik welke taal brûk’, fertelt in gastâlder, en in oaren seit: ‘It foel net ta konsekwint te wêzen, ik hie dochs wol de neiging oer te skeakeljen op it Hollânsk as in bern dat tsjin my prate.’ Sietske leit út: ‘Wy binne wend om oer te skeakeljen op it Hollânsk as immen dat tsjin ús praat. Dat is foar in part in stikje fatsoen, oan de oare kant bliuwt it Hollânsk dominant en it Frysk de minderheidstaal. Dat makket it oerskeakeljen ek wol wat logysk. Mar foar in bern hoecht dat net. As gastâlder kinne je, lykas alle oare opfangsitewaasjes, júst in bydrage leverje oan it stimulearjen fan de ûntwikkeling fan de Fryske taal by bern, troch it mar gewoan te praten. Brûk taal, wês kreatyf en práát. As sy it net fan ús leare, leare se it fan net ien.’

Nijsgjirrich:

  • De definysje fan meartaligens: it fan natuere floeiend praten fan twa talen sûnder der by nei te tinken.
  • Der binne 50 miljoen twatalige minsken op ‘e wrâld.
  • Bern dy’t twatalich grutbrocht wurde, hawwe as foardiel dat sy op lettere leeftyd makliker noch in taal derby leare.

Tekst: Thea van der Schaaf
Ut: De Lytse Heit & Mem 2015 nr. 2 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.