heit&mem

Ingelsk foar lytse bern? No pressure!

Boartsje, dûnsje, sjonge en nifelje. De bern fan The English Factory yn Harns hawwe it mar drok. Mar de risseltaten binne der dan ek nei. Net allinnich meitsje se keunstwurkjes, se leare ûndertusken ek de Ingelske taal.

Monique Flinker 4 juni 2018

‘How many wheels are on the bus? One, two, three, four!’ Juf Sue Smeding, eigener fan The English Factory, stekt tagelyk fjouwer fingers yn ’e loft. Oan it begjin fan de les hat se it ferske mei de bern oefene. No komt de ferrassing: sels in bus meitsje. Mei in teedoaske, papier en foaral in soad kreativiteit.

De skuon gean út by de doar. It moat húslik wêze, mar net krekt as thús. As lytse enerzjybomkes stuiterje de learlingen troch de romte. Dy stiet fol mei boartersguod. Want it is gjin les lykas op skoalle. Hjir meie de bern sels witte wat se dogge, en wurdt der sa no en dan Ingelsk tsjin harren praat. Hoe âlder de bern, hoe mear Ingelsk. Oft se antwurdzje yn it Ingelsk, Nederlânsk of Frysk, dat meie se sels witte.

It doel fan de lessen is om bern fertroud te meitsjen mei de frjemde taal. Sue fernimt dat bern, mar ek folwoeksenen, it faak dreech fine om in oare taal te praten. Dat hat alles mei selsbetrouwen te krijen, tinkt se. ‘Bij ons komen kinderen al op jonge leeftijd op een speelse manier in aanraking met Engels. Er staat geen druk op en dat is goed voor het zelfvertrouwen.’

Ien fan har entûsjaste learlingen is Arne (4), de soan fan Albertina Soepboer. Arne is gek op muzyk, en dêrom socht Albertina foar har soan in groep of kursus dêr’t er wat mei muzyk dwaan koe. Om ’e hoeke by harren hûs siet The English Factory, dêr’t dus ek in soad mei muzyk dien wurdt. Nei de earste les wie Arne entûsjast en dat is nea wer feroare. ‘As ik sis: wy gean wer nei Sue, dan is it feest’, seit Albertina.

It earste jier gong Albertina noch mei, nei de pjuttegroep. De âlders hienen dêr ek in aktive rol yn: meidûnsje en -sjonge. En as de bern dan tuskentroch boartsje mochten, wie der foar de memmen tiid foar kofje. Yn Ingelân binne dy ‘mother & toddler groups’ de gewoanste saak fan ’e wrâld, mar hjir wie it nij, fernaam Sue. ‘In Engeland bestaan overal groepen voor: in de bibliotheek, bij muziekles en op sportief gebied. Hier zie je het eigenlijk alleen bij zwemlessen.’

Sue wennet al jierren yn Harns, mar is in ‘native speaker’. Berne yn Oxford learde se op de universiteit yn Londen har man kennen. In Fryskpratende ouwe seun út Harns. De earste jierren wennen se mei de bern yn Ingelân, mar twa jier foardat de âldste nei de middelbere skoalle soe, woe Sue in pear moanne mei de bern nei Nederlân. ‘Ze kenden de taal niet, konden niet met opa en oma praten. Dat vonden we zo jammer.’

De moannen waarden in jier. Sa koenen de bern alles meimeitsje: de Fiskerijdagen yn Harns, Sinteklaas, de peaskedagen. Mar nei dat jier woenen de bern net wer werom nei Ingelân. Sue: ‘Ze vonden het hier geweldig. En ze konden goed meekomen op school. Dat was voor ons het belangrijkste.’ En dus bleau it gesin yn Harns.

Foar Sue, ôfstudeard yn marketing en advys, wie it efkes omskeakeljen. De skoalle fan har bern frege har om by te springen. Earst as foarlêsmem, letter ek foar Ingelske (by)lessen. Dat rûn sa goed, dat der in wachtlist kaam. Sue moast kieze: trochgean en útwreidzje, of dermei ophâlde. Se keas foar it earste, mei as risseltaat goed 100 learlingen, fan jong oant âld, dy’t alle wiken by har oer de flier komme. Ek wurkje der, ynklusyf Sue, yntusken acht minsken by The English Factory.

Wurde de bern âlder, dan komt der wol wat mear struktuer yn de lessen.

De moandeitemiddei is reservearre foar de jongste groep. Sy boartsje in soad. Wurde de bern âlder, dan komt der wol wat mear struktuer yn de lessen. Mar it bliuwt oars as op skoalle, seit Sue. ‘De kinderen volgen hier geen methode. We verzinnen leuke dingen om te doen, al dan niet in het Engels.’ Sa binne der sportaktiviteiten yn it Ingelsk, mar ek in make-up kursus en in les yn hierdracht.

Yn de takomst hopet Sue ek noch mear gear te wurkjen mei skoallen. It falt har op dat in soad learkrêften hiel goed lesjaan kinne, mar net goed witte hoe’t se dat dwaan kinne yn in oare taal. ‘Ik heb wel cursussen gegeven aan leraren. Dan liet ik ze zelf een lesmethode kiezen waar ze zich prettig bij voelden. Want dat is het geheim: voelen zij zich goed, dan gaat het lesgeven ook veel beter.’

De ein fan de les. Wylst de âlders by de doar stean te wachtsjen, binne de bern noch net fan doel om al nei hûs ta te gean. It duorret dan ek efkes foardat de rêst werom is yn The English Factory. Mem Albertina stiet noch efkes nei te praten mei Sue. Sy binne op it stuit dwaande mei in nij projekt, wêrby’t bern fanút harren eigen fertroude taal – Nederlânsk of Frysk – ek it Ingelsk leare kinne. Meikoarten komt it earste boekje út.

Tekst: Monique Finkers
Foto: Fotobureau Het Hoge Noorden
Ut: heit&mem nr. 1 2015

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.