heit&mem

Yn de oanbieding: ‘Myn kreambesite’

Joukje de Jong 18 maart 2019

product_3309_0_2Ast krekt in poppe krigen hast is der neat aardigers om dy oan elkenien sjen te litten. Der komt in soad besite del. Dy hawwe allegearre wol wat leafs te sizzen oer dyn neie oanwinst. 

Hoe aardich is it om dat op te skriuwen? Yn dit boekje ‘myn kreambesite‘ kin de besite in winsk foar de lytse poppe efterlitte. As earste kin de namme, datum en plak fan de berte opskreaun wurde mei in foto derby. Dêrnei giet it fierder foar de kreambesite. Dy kinne harren namme, de relaasje mei de poppe, datum en de winsk opskriuwe.

Der stiet ek in soad ynformaasje yn. Bygelyks oer hoe’t eartiids by de befalling gie en moaie ferskes. En it boekje hat moaie yllustraasjes. It is skreaun troch Dieuwke van der Meer – Posthumus. Foar in ympresje kinst ek it ynsjocheksimplaar besjen. It is hjir te bestellen foar € 3,75. (no yn de oanbieding)

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!