heit&mem

Hoe’st jonges oan it lêzen krigest

‘Lêze is saai!’ Zou deze hartekreet zo van jullie zoon kunnen zijn? Hij is bij lange na niet de enige die er zo overdenkt, zo blijkt uit onderzoek. Jongens waarderen lezen met een magere 6,4. Ze besteden hun tijd liever aan andere dingen, bijvoorbeeld met computeren.

Ciska Noordmans 23 juni 2018

Computergames scoren een vette 9. Jongens lezen minder dan meisjes en vinden lezen ook minder leuk. Ook komen ze minder vaak in de bibliotheek. Dat zijn enkele uitkomsten uit het onderzoek naar het leesgedrag van meer dan 30.000 basisschoolleerlingen (Monitor de Bibliotheek op school).

Boy playing video games on a game console. Vector illustration of a flat design

Der binne twa kear safolle jonges as famkes dy’t oanjouwe dat se neat oan lêzen fine. Wa’t in soad lêst, is better yn taal, sa docht bliken út alle ûndersiken. Al earder die út in ûndersyk bliken dat bern dy’t op in heech nivo lêze, better skoare op de Cito-toetsen foar taal, wiskunde en stùdzjefeardigens. Dêrom wurdt lêsbefoardering, njonken it taalûnderwiis in spearpunt op basisskoallen mar ek op foarsetûnderwiis.

Jonges ferstjinje dus mear oandacht as it om lêzen giet. De heechste tiid om fierder te ûndersykjen wat favoryt is, want dat is opfallend oars as by famkes!

De top 5 ûnderwerpen wear at jonges en famkes út groep 5 graach oer lêze!

Jonges: Famkes:
1. Sport 1. Dieren
2. Dieren 2. Freonskip
3. Griezelje 3. Griezelje
4. Oarloch 4. Natuer
5. Humor 5. Mearkes (sprookjes)

As jongens âlder wurde feroaret de folchoarder. Leaver as printeboeken, ynformatieve boeken, tydskriften of poëzy lêze jonges it leafst strips en lêsboeken. As famkes âlder wurde, ruilje se de mearkes en natuerboeken yn foar boeken mei humor en oer ferlyfd wêzen.

As bern yn groep 5 sitte, wurdt der it measte lêzen út de hiele skoalkarrière! 73 % fan de bern út groep 5 seit dat se in pear kear yn ’e wike foar de lol in tal boeken lêze.  Yn groep 8 is dat noch mar 23%.

Tips!
Lêze is leuk mar allinne at it boek oansprekt fansels! Wêr kinst oplette asto foar jongens in boek keapest of lienst út de byb?  De 7 ‘do’s’ foar jongenslêsboeken op in rychje:

  1. Aksje en spanning!
  2. In protte yllustraasjes yn kleur
  3. Searjes
  4. Net te braaf
  5. Humor
  6. Sjoch goed nei de leeftyd en it lêsnivo
  7. Fansels: mei jonges yn de haadrol!

Boeken:

92000000204335582 De aventoeren fan Auke/ de avonturen van Auke (10+)
product_4679_0_11 Kampioenen fan FC Top (8+)
92000000517596652

De grijze jager (10+)
Sjoch hjir foar mear boeken oer de Grijze Jager

92000000155114152 Gladiotor (11+)
Sjoch hjir foar mear boeken oer Gladiator
 1001004010963780 Dummie de mummie (8+)
Sjoch hjir foar mear boeken oer Dummie de Mummie

www.kunstvanhetlezen.nl
www.gemeente.debibliotheekopschool.nl

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.