heit&mem

Dina is in famke

Dieuwke van der Meer 8 september 2016

Dina is in famke. Ik sis it doch mar efkes, it is nammentlik net altyd sa dúdlik. Foaral manlju sjogge har faak foar in jonge oan. Manlju binne natuerlik sosjaal wat ûnhandiger en sizze faak earst wat, foardat se neitinke, sa wit ik fan mysels.

It is eins net sa raar dat Dina foar in jonge oansjoen wurdt. Se hat mei har fjouwer moannen noch gjin hier. Jolanda rôp my dizze wike nei it ferskjinningskessen, om dêr yn it felle ljocht in earste hier oan te wizen, mar it mei noch gjin namme hawwe. En op in keale kop krigest gjin sipeltsjes of sokssawat, dat helpt dus ek net.

Dina har grutte sus Janna hat de earste twa jier fan har libben yn Ekwador wenne. Dêr binne se wend om famkes al yn de earste wike earbeltsjes te jaan. Wy hiene dat net dien. En dat hawwe wy witten. Al wie se noch sa rôs, mei jurkje en al: man en frou seagen der in jonkje yn. As ik dan sei dat it in famke wie, seagen se my raar oan. Ik seach se tinken: dat earme famke hat net iens earbeltsjes!

Hjoed wie hjir in freondin fan Jolanda, en har famke fan oardel hjit Robin. Dat helpt natuerlik ek net. Robin wie ek hiel faak foar in jonge oansjoen en ik fernaam oan alles dat sy in hiel soad minsken hiel dom fûn. No ja, dat kloppet natuerlik wol, mar do moatst dy noait tefolle opnaaie litte. Ik sjoch nei Jolanda en tink: mei Dina komt it wol goed. En Janna is al echt sa’n moai famke.

Dus Dina is noch efkes, in jier of sa, in jonkje. Dina sels wurdt der net oars fan. Se laket no al in moanne of twa, en dêr is se hiel goed yn. Fansels laket se it hurdst nei har heit, mar se laket ek graach nei oaren. Sels nei manlju dy’t sizze dat sy in jonkje is. Dat makket har neat út.

Troch Wim de Boer
Ut: De Lytse Heit & Mem nr. 1 2014

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!