heit&mem

Alle Jentsjeboekjes op in rychje!

Joukje de Jong 8 september 2016

Jentsje, wa is der net grut mei wurden. Noch altyd wurde de boekjes printe en ferkocht. Unmisber foar in pjut. Besjoch hjir alle boekjes dy’t no te keap binne.

 

jentsje_syn_pot_cover

Jentsje syn pot– Jentsje moat fan mem op de pot. Dat wol Jentsje net. In pot is foar lytse bern. Pukky kin der wol op fynt hy. Mar oft dat wol goed giet? De Fryske fertaling is makke troch Janny Vledder – Van der Knoop. De boekjes fan Jentsje binne geskikt om dyn pjut bekend te meitsjen mei allegearre saken sa as op it potsje gean. 

€ 8,95
Hjir te bestellen

jentsje_syn_pemper_cover

Jentsje syn pemper – Neffens Jentsje kin Pukky syn pemper wol om ha. Hy fynt himsels fierstente te grut foar in pemper. At it in goed idee is om sûnder pemper op bêd te gean. Dear mat je sels efter komme. Dit boekje is op rym en de fertaling is makke troch Janny Vledder – Van der Knoop

€ 8,95
Hjir te bestellen

jentsje_syn_bear_cover

Jentsje syn bear – De Fryske tekst fan dit boekje is makke troch Janny Vledder – Van der Knoop. Jentsje hat it nije bear en dy mat by him op bêd koese. Net elkenien is hjir sa bliid mei, want no is Pukky syn plakje kwyt. Soe Jentsje Pukky syn plakje wer werom jaan? In aardich boekje om foar te lêzen en tegearre te krûpen. 

€ 8,95
Hjir te bestellen

jentsje_syn_auto_cover

Jentsje syn auto – Lys wol Jentsje syn auto net wer weromjaan. Rint dit goed ôf? De Jentsjeboekjes bin ek super aardich om wei te jaan of om foar te lêzen. Janny Vledder – Van der Knoop hat de fertaling fan dit boekje skreaun. 

€ 8,95
Hjir te bestellen

jentsje_yn_t_bad_cover

Jentsje yn’t bad – Jentsje sil lekker yn bad. Syn knuffels en boartersguod wol der ek mei ha. At dat ferstannich is? Hoarst ek sa fan spetterende ferhaaltsjes dan is dit boekje in oanrieder. In prima foarlêsboekje foar in lytse pjut. De Fryske fertaling is skreaun troch Janny Vledder -Van der Knoop

€ 8,95
Hjir te bestellen

jentsje_syn_koekje_cover

Jentsje syn koekje – Jentsje hat in lekker koekje. Pukky mei it ek wol, mar Jentsje wol net diele. Wolst dyn poppe, pjut of beuker leare te dielen. Dan kiste dit boekje dear goed foar brûke om boartsjenderwize dyn berntsje bekend te meitsjen mei tegearre diele. Janny Vledder – Van der Knoop is ferantwurdlik foar de Fryske fertaling fan alle Jentsjeboekjes. 

€ 8,95
Hjir te bestellen

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.