heit&mem

Alle Tomkeboekjes op in rychje!

Joukje de Jong 7 september 2016
product_2634_0_2

Tomke en it kado is in printeboekje mei tekst op rym skreaun troch Auck Peanstra. Foar har jierdei kriget poes Jel in kado. Mar.. wêr is poes no? Prima om wei te jaan as kadootsje.

€ 6,50
Hjir te bestellen

product_4668_0

Tomke leart fytsen is in boekje dat skreaun is troch Geartsje Douma. Sy hat ferskate oare Tomke boeken skreaun. Yn dit boek fytst Yana Yu sûnder sydtsjiltsjes. Natuerlik wol Tomke dit ek. Mar oft dit wol goed giet?

€ 6,50
Hjir te bestellen

product_4788_0

Tomke at ik letter grut bin… is in kartonboekje wear yn oft Yana Yu en Tomke betinke wat se letter wurde wolle. Hartstikke geskikt om tegearre mei dyn berntsje te fantasearjen oer letter.

€ 5,95
Hjir te bestellen

 

product_4798_0

Tomke nei de bisten is in printeboekje mei tekst op rym skreaun troch Geartsje Douma. Tomke en Romke boartsje op de bernebuorkerij. Der binne bargen, einen en geitsjes. Romke liket dat ek wol wat, mar oft dat wol sa’n goed idee is?

€ 6,50
Hjir te bestellen

tomke-utfanhus-web

Tomke útfanhûs is in rigeboekje skreaun troch Riemkje Pitstra en Luuk Klazenga. It boekje is ynbûn, hat 26 siden en in leeftiid fan 2+. Tomke sil by Yana Yu útfanhûs. Tomke fynt it wol wat spannend. Gelokkich is Yana Yu der om him te helpen mei it útpakken fan syn koesers. Tegearre falle se lekker yn sliep. In aardich boekje om dyn lytske ek yn slyp te krijen.

€ 6,50 
Hjir te bestellen

tomke_-leave-pake-durk-web

Tomke leave pake Durk is in rigeboekje op rym makke troch Auck Peanstra en Luuk Klazenga. Dit boekje is ynbûn, hat 26 siden en in leeftiid fan 2+. Tomke hat fertriet at syn leave pake Durk stjert. Hy is yn it krematoarium by de útfeart. It boekje giet oer de plechtichheid, it fuortglydzjen fan de kiste en de kofje nei de tiid. Ast sels ien kiste dy’t te ferstjerren kaam is dan kiste dit boekje brûke om dyn bern der by te belûken.

€ 6,50
Hjir te bestellen

omslag-tomke-karton-koese-web

Tomke lekker koese… is in kartonboekje mei yllustraasjes fan Luuk Klazenga. Tomke sil op bêd. Mat wat mat er allegearre barre foardat hy sliepe kin? En wêr koest Romke? In aardich boekje om foar it sliepen gean foar te lêzen.

€ 6,50
Hjir te bestellen

100x-tomke-diel-2

100 x Tomke, diel 2 binne 100 foarlês ferhaaltsjes skreaun troch Auck Peanstra en Riemkje Pitstra. De yllustraasjes binne makke troch Luuk Klazenga. In grut part fan dizze ferhaaltsjes is al earder publisearre op www.tomke.nl of yn de Weekkrant Fryslân. Elkenien út de Tomke ferhaaltsjes komt wer werom. Kornelia, Romke, Yana Yu en Tomke net te fergetten belibje wer allegearre aventoeren. Sa giet Tomke nei Afrika, komme wetterpokken oan bod en allegearre oare aventoeren. Ek handich om mei te nimmen op fakânsje. Dan hoechst mar ien boekje mei en hast foar hûndert kear wille!

€ 9,95
Hjir te bestellen

product_4397_0_1

Tomke syn earste hapkes is in boekje mei resepten skreaun troch Wieke de Haan. It boekje is bedoelt foar poppen fan 4- 12 moanne. Tomke kriget hjir syn earste hapkes. Dyn poppe is ek hast ta om te begjinnen mei ieten. Dêrom stean hjir 20 Nederlânske resepten yn én opsisferskes dy’t ûnder it ieten brûkt wurde kinne. Alle resepten binne hiel maklik te meitsjen. 

€ 6,50
Hjir te bestellen

 product_2635_0_2

Tomke nei de kapper is in printeboekje dat skreaun is op rym troch Auck Peanstra. Der komt in momint dat dyn berntsje ek te hier knippen giet. Miskien is dit wol spannend of ing. Dit boekje kin brûkt wurde om hy of sy op de kapper foar te berieden. Tomke giet nei de kapper, mar wat Romke no docht?

€ 6,50
Hjir te bestellen

product_2730_0_2

Tomke en Swarte Pyt – Tomke en de krystkrânskes binne twa ferhalen skreaun op rym troch Auck Peanstra. Sy hat ferskate oare Tomke boekjes skreaun. Yn Tomke en Swarte Pyt set Tomke syn skuontsje. Dy nacht heart Romke wat. Wat dat no wêze soe? Nei it Sinterklaasfeest komme de krystdagen. Yn Tomke en de krystkrânskes hingje Kornelia, Tomke en Romke kleurde krânskes yn de beam. Romke fynt dit ek wol lekker. Dizze twa boekjes tegearre is hiel aardich om wei te jaan tidens de feestdagen.

€ 9,90
Hjir te bestellen

tomke-nei-it-h_ske-web

Tomke nei it húske is in printeboekje mei rymkes skreaun troch Auck Peanstra. As Romke poepe mat, wol der dat krekt sa dwaan as Tomke. Want Tomke dy kin al sels nei it húske. Mar oft it wol in goed idee is dat Romke ek nei it húske giet? Dear mat je efter komme as je dit boekje lêze. Mat dyn pjut ek leare om sels nei it húske? Gjin tegearre troch dit boekje hinne en dan wurdt sels leare pisje en poepe folle aardiger!

€ 6,50
Hjir te bestellen

tomke-nei-skoalle-web

Tomke nei skoalle is skreaun troch Riemkje Pitstra. Sy hat mear dingen dien foar de lytse bern. Op de televyzje, mar ek mei oare boekjes skreaun en makke se al dingen dy’t ticht by de bern lizze. As Tomke nei skoalle giet docht der dear fan alles. Hy boartet en hy plakt, mar dan sjocht juf wat yn’e sânbak? Wat dat no wer is..

€ 6,50
Hjir te bestellen

tomkejierboek

Tomke Jierboek is in boek fol mei aventoeren. Der sit ek in cd by. Tomke, Romke, Yana Yu en Kornelia belibje it hiele jier troch allegearre aventoeren. Elk seizoen bard der wat oars. Yn de winter bakke Tomke en Romke koekjes en mei âldjiersjûn mei Tomke opbliuwe. Yn de maitiid fervje se peaske-aaien. Se belibje noch folle mear! Dit is in hiel learsum boek om jonge pjutten en skoalbern te learen oer de seizoenen.

€ 19,50
Hjir te bestellen

tomke-nei-de-dokter-web

Tomke nei de dokter is skreaun troch Geartsje Douma. As Tomke in sear kiel hat, mat der nei de dokter. Fan dokter kriget der in drankje. Dat drankje liket Romke ek wol lekker ta. Hoe dat ôfrint? Dear mat je sels efter komme. In moai Tomke boekje wat hiel goed past by de lytskes!

€ 6,50 
Hjir te bestellen 

product_3789_0_1

Tomke nei de toskedokter is ek skreaun troch Geartsje Douma. Dit boekje yn kombinaasje mei Tomke nei de dokter is hiel handich om lytse bern foar de berieden op de medyske wrâld. Yn dit boekje giet Tomke nei de toskedokter. Hy mat yn de grutte stoel lizze. Wat dan bard…

€ 6,50
Hjir te bestellen 

product_4197_0

100 x Tomke is it earste diel mei sammele ferhaaltsjes út de Weekkrant Fryslân. Alle aventoeren fan Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu binne yn dit boek ferwurke. It is skreaun troch Auck Peanstra en Riemkje Pitstra. Dit boekje is geskik foar berntsjes fan ôf twa jier âld. Der komme dingen yn foar as, wear is Tomke syn koes bear?, bestiet der rôze snie? en iet Kornelia no wjirms? En noch folle mear. Hiele folle lês wille dus! Tip: der is ek in diel 2.

€ 6,50 
Hjir te bestellen 

product_4339_0_1

Dikke tút foar Romke is in berneboek skreaun troch Riemkje Pitstra foar pjutten. Wat soe der oan de hân wêze? Kornelia mist twa woarstjes en Tomke is Romke kwyt. Wer in aardich boekje mei aventoeren. Kiste it foarlêze oft bygelyks weijaan.

€ 6,50
Hjir te bestellen 

tomkes-foarlesfeest-web

Tomkes foarlêstfeest is in prachtich boek mei 24 temaverhalen skreaun troch Auck Peanstra en Riemkje Pitstra. De handige yllustraasjes binne makke troch Luuk Klazenga. It boek is ynbûn en hat 58 siden. Tomke en al syn freonen belibje wer tal fan aventoeren. Sa gean se mei de bus, krije se neie klean, geane se te reedriden en noch folle mear!

€ 12, 95
Hjir te bestellen 

Woezel-en-pip

Tip: noch mear foarlêze?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.