heit&mem

Kom út dy kraan!

Kom út dy kraan!

Dieuwke van der Meer 29 juli 2016

kom-_t-dy-kraan_-webDe earste kear doe’t ik myn dochter dit boek foarlies snapte ik de clou net hielendal. Mar de twadde kear hie ik ‘m yn de gaten. Do moast gewoan hiel goed nei de plaatsjes sjen! Wat is dit in prachtich boek! Dochter Maaike (4) fynt ‘m fantastysk! (en ik ék!)

It giet oer in jonkje dat Bouwe hjit en altyd by in bouplak stiet te sjen. Bern meie net op it bouplak komme, dat wit Bouwe bêst. Op in dei krûpt er al ûnder it stek troch en bestjoert de wals, de semintwein en de kraan. En dat docht der net sûnder reden.

It boek hat sels in sulveren griffel krigen. In echte oanrieder foar beukers!

 

Bestel hjir foar € 13,95 it boek ‘Kom út dy kraan!’ of helje him op út de Afûkwinkel yn Ljouwert!

 

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!