heit&mem

Noch ien kear yn dyn ledikantsje

Noch ien kear yn dyn ledikantsje

Thea van der Schaaf 20 juli 2016

Bestand 16-07-16 21 05 43Ik til dy noch ien kear
Yn dyn ledikantsje
De grutte wrede wrâld
Makket foar hiel efkes plak
Foar de weemoed fan it memwêzen

Moarn sliepst yn in grut bêd
Fan in poppe bist wurden ta in pjut
Hoe koart liket it noch mar lyn
Datst by ús kaamst?

Dyn earste moannen
Yn de widze leidest
Ticht by mem
Ticht by heit

Doe nei it ledikantsje
Dy earste nacht
Wat wiedest in lyts mantsje
Yn dat grutte bêd

Thea van der Schaaf, mem fan Douwe, 2 (en Arjen, 5)

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!