heit&mem

In grutte húshâlding ‘Mei elk bern in bytsje makliker’

Doe’t Jeanette van Dellen (36) út Dokkum har earste berntsje krige, dochter Meike, wie se in hiele foarsichtige mem. As it famke gûlde gong se der daliks hinne. Mei de twadde dochter, Senne, waard Jeanette al wat makliker. En de tredde? ‘Jelke lit ik moai syn gong gean.’

Klasina van der Werf 12 juli 2016

‘Ik merk dat ik hieltyd myn grinzen ferlis’

Jeanette woe altyd al graach mem wurde. Doe’t se yn 2004 mei har man Sijtze van Dellen troude, koe se eins net wachtsje oant it safier wie. Mar it rûn oars. Nei oardel jier wie Jeanette noch net yn ferwachting en giene se nei dokter. Om’t it net slagge op de natuerlike manier, belâne se yn it IVF-trajekt.

Yn july 2008 waard harren earste dochter Meike berne. ‘Yn it begjin wie ik hiel foarsichtich en ik die myn uterste bêst om alles goed te dwaan. As sy nachts even gûlde, helle ik har der fuort út.’ Doe’t Meike in healjier wie, die bliken dat sy heupdysplasy hie. It lytse famke moast twa wiken yn it sikehûs lizze, dêrnei seis wiken yn it gips en doe noch in healjier in spreidbroekje oan.

Mei 13 moanne moast se wer operearre wurde, ditkear omdat se in skedelôfwiking hie. Nei de fiif oeren duorjende operaasje hie Meike in hiel grut litteken, fan ear ta ear. ‘Se mocht nearne tsjinoan stjitte, dus wy hiene thús alle skerpe punten ôfdutsen en ik stie oeral altyd op ’e noas by. Ik wie hiel bang dat der wat barre soe. Dat bleau ek sa doe’t se âlder wie.’

Jeanette en Sijtze woenen graach in twadde berntsje. Ek dizze kear rekke Jeanette mei IVF yn ferwachting. Op Falentynsdei 2013 waard Senne berne. In hiel maklike poppe. ‘Ik wie sels ek relaxter as by de earste. As se gûlde, liet ik har earst moai gewurde en dan gie it faak fansels wol oer.’
groot gezin

Foar Jeanette en Sijtze wie harren húshâlding mei twa famkes no folslein. Se hienen it poppeguod krekt ferkocht doe’t Jeanette ûntduts dat se wer yn ferwachting wie. Dat kin dochs net, tocht Jeanette. Mar it wie echt wier. ‘Ik ha twa wiken fan ’e kaart west, want ik hie der net mear op rekkene. Boppedat fûn ik it mei twa bern al drok, hoe moast it aanst mei trije?’

Sijtze fûn it daliks fantastysk dat se noch in lytse poppe krigen. Senne wie noch gjin twa doe’t Jelke berne waard. ‘Dat makke de kreamtiid hiel oars. Doe’t Senne berne waard, gie Meike al nei skoalle. No wie Senne altyd thús. As ik Jelke oan it boarst hie, hie Senne fan alles by de ein. Se helle alle kastjes iepen of pakte de billedoekjes út de ferpakking. Dêrtroch krige Jelke as poppe minder oandacht. Ek no’t hy âlder wurdt, lit ik him folle mear syn gong gean as dat ik earder by de fammen die. Hy kriget folle mear de kâns om de wrâld te ûntdekken, want ik kin der net hieltyd by wêze. En as hy in kear falt en bloed hat? Dan pak ik even in doekje. By de earste hie ik dan al yn panyk west.’

No’t de bern 7, 3 en 1 jier binne, bin ik mei it iten folle stranger. As Meike it iten net lekker fûn, makke ik wat oars foar har. Dêr begjin ik no net mear oan. Se moatte alle trije mei de pot mei ite. As âlders fan trije bern moatst wol makliker wurde. Loslitten giet mei de twadde ek al better. Meike wie 5 jier doe’t se foar it earst útfanhûs gie. Senne hat it dêr no al oer, dus dat sil net lang mear duorje. En de âldste mei, no’t se 7 jier is, sels nei skoalle rinne mei freondintsjes. Dat fûn ik de earste kear hiel spannend, mar ik tink dat Senne wol earder mei har grutte sus mei giet. Ik merk dat ik hieltyd myn grinzen ferlis. Mei de oare bern giest ek folle mear fergelykjen. Meike wie bygelyks al skjin doe’t se trije wie. No tink ik by Senne: gean no even op it potsje, dyn sus koe dat al op dizze leeftyd. Mar gjin bern is gelyk. En tusken jonges en famkes sit ek wer ferskil. Jelke is folle dryster yn alles.’

Soms hat Jeanette dagen dat se tinkt: ha ik alle bern wol likefolle oandacht jûn? ‘Mar dat is tink ik mear myn eigen gefoel. Ik ha de bern noch nea kleien heard. Jûns op bêd krije se allegearre in momintsje foar harsels en Sijtze en ik ferdiele de bern sa no en dan, sadat wy om beurten mei elk bern allinne binne. Sa geane Meike en ik om de seis wiken tegearre de stêd yn. Gesellich winkelje en ergens wat drinke. Dêr genietsje wy beide fan. Dan hat de âldste wer even alle oandacht foar harsels. Lykas eartiids.’

 

————————————————————————————————————————————–

 

‘Us tredde frege nei in pear jier oft sy net lyts west hie’

Bisto mei dyn twadde bern ek minder foarsichtich? Of hast fan dyn earste bern in prachtich moai fotoboek, wylsto by de twadde (of tredde of fjirde…) soms ferjitst om foto’s te meitsjen? Werkenber? De redaksje fan heit&mem stelde dy fraach op Facebook. Hjirby in oantal reaksjes fan âlders.

It is net altyd sa dat je mei de twadde makliker binne. By ús freget de âldste gewoan mear oandacht en soarch as de jongste! Dêrtroch moatte je derom tinke dat de jongste net ferjitten wurdt. (Alise de Vries)

Wy ha foar elk bern sa’n leuk boekje: “Myn kreambesite”. Dat fan ús earste stiet hielendal fol. By ús twadde wienen we it boekje wolris fergetten en no mei ús tredde ferjitte we noch faker om it boekje oan besite te jaan… (Jude Deer)

Us tredde frege nei in pear jier oft sy net lyts west hie. Der wiene wol in pear foto’s, mar net genôch, of gjin tiid om in fotoboek fan te meitsjen … Doe ha ’k in hiele simmerfakânsje oan it sykjen, knippen en plakken west … No hawwe de bern alle trije in fotoboek. (Tjitske Kool)

Hiel werkenber. Foaral de foto’s en fotoboeken. It is net dat ik it ferjit, mar der sitte gewoan net mear genôch oeren yn in dei om tiid frij te meitsjen foar it gearstallen fan in fotoboek. (Femke Steensma)

 

In gesinsplanner nedich yn de húshâlding?

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!