heit&mem

Heechsensitive bern

Baukje Mulder-Postma en Marike Gunnink-Kok hawwe yn april 2009 harren Master SEN Gedrachsspesjalist helle yn Drachten. Harren ôfstudearskripsje giet oer heechsensitiviteit yn it basisûnderwiis. Marike is learkrêft yn de ûnderbou. Baukje wurket sûnt fiif jier as ynterne begelieder op in basisskoalle en dêrfoar wie se ek learkrêft yn de ûnderbou. Marike fertelt: ‘15 tot 20% van de mensheid is hoogsensitief. De laatste tijd komt dit onderwerp meer in de belangstelling. Mensen worden zich ervan bewust dat ze zelf hoogsensitief zijn of dat ze een hoogsensitief kind hebben. Het is beslist geen stoornis, maar een temperament.

Dieuwke van der Meer 4 juni 2015

Uit onderzoek is gebleken dat bij hoogsensitieve mensen de rechterhersenhelft beter doorbloed is, wat aangeeft dat die helft meer gebruikt wordt. Hoogsensitieve mensen voelen, zien, horen en proeven meer dan anderen en voelen dingen daardoor dieper. De intuïtie is bij deze mensen vaak beter ontwikkeld. Prikkels dringen bij hen dieper door, waardoor ze meer tijd nodig hebben om deze prikkels te verwerken. Er komt als het ware te veel informatie binnen. Het hoogsensitieve kind heeft moeite om al die binnenkomende informatie te ordenen, wat zich kan uiten in huilbuien, angsten, onderpresteren of driftbuien.’

Baukje follet oan: ‘Sjochst by dieren dy’t yn groepen libje ek dat der altyd guon binne dy’t mear sjogge, hearre of fiele as de oaren. Dat binne yn wêzen de warskôgers fan de groep by gefaar. By minsken is it krekt sa. Heechsensitive minsken binne eins de warskôgers fan ús hektyske maatskippij. It doel fan ús ûndersyk wie it finen fan mooglikheden om learkrêften yn it basisûnderwiis te helpen om it heechsensitive bern te sjen, dêrmei om te gean en om har kennis oangeande heechsensitiviteit út te wreidzjen.’

We sjogge de dingen net sa’t se binne, we sjogge de dingen sa’t wy sels binne.

Neffens in ûndersyk fan it lanlik ynformaasjepunt foar heechsensitive bern, it LiHsk, binne de kenmerken fan heechsensitive bern yn fjouwer kategoryen te ferpartsjen: lichaamlik (it fysike lichem, ynklusyf de sintugen), emosjoneel (gefoelens, omgong mei oaren), mentaal (tinke, leare, ynformaasjeferwurking) en spiritueel (besef fan sinjouwing en ienheid). Heechsensitive bern sjogge in soad en hawwe in skerp each foar lytse feroarings. Se fiele stimmings en emoasjes fan oaren goed oan, ha faak in goed geheugen, in grutte wurdskat en in goed gefoel foar taal. Faak folgje se de eigen wei en hechtsje se sterk oan de wierheid. It komt ek geregeld by heechgefoelige bern foar dat se paranormale ûnderfinings hawwe.’

Marike: ‘Je ziet vaak dat hoogsensitieve kinderen zich terugtrekken van de groep. Soms wordt zo’n kind ten onrechte bestempeld als iemand met een stoornis in het autistisch spectrum. Het tegenovergestelde komt ook voor: dat ze heel druk zijn. Dan wordt er al gauw het stempel ADHD op gedrukt, wat dus ook vaak ten onrechte is. Soms krijgen kinderen medicijnen voor een stoornis die ze helemaal niet hebben. Tips voor de leerkracht zijn: respect tonen, interesse tonen en goed luisteren, uitnodigende vragen stellen om de oorzaak van angst, woede of verdriet te achterhalen, begrip tonen, de situatie samenvatten en/of uitleggen, structuur bieden en grenzen stellen. Het kind weet zelf wat het nodig heeft om te kalmeren of weer tot zichzelf te komen.’

‘Heechsensitive bern binne fisueel-rûmtlik ynsteld: se libje en tinke yn bylden’, seit Baukje. ‘Dêrom is it goed dat de learkrêft in kombinaasje makket tusken in wurd en in ôfbylding. By rekkenjen kin dat in stroffelstien wêze, om’t yn de rekkenmetoades by de sommen faak plaatsjes setten wurde dêr’t de bern fan alles by assosjearje kinne.
Ek is it in goed ding om de bern te freegjen nei ûnderfinings en belibbing. Dêrom sprekt belibjend lêzen mear oan as begripend lêzen.

Wy wolle skielk graach in boek útjaan oer heechsensitiviteit, rjochte op learkrêften yn it basisûnderwiis. Wy hoopje dat we op dizze wize de doar iepensette kinne nei mear begryp en help foar heechsensitive bern.’

Ut Heit en Mem nr.1 2010
Troch Hedwig Terpstra

Email adres Baukje Mulder Postma:
baukjemp@gmail.com

Links:
www.steunpunthoogsensitiviteit.nl (Ljouwert)
www.vereniginghooggevoelig.nl

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.