heit&mem

Gedrach spegelje mei hynders

Melanie stiet foar it earst mei rydynstruktrise Wendy Ongena yn de roundpen fan Donia State Wester yn Spannum. By har yn de sânsirkel stapt de fjordeponny Ulrike om, sûnder dat dy fêst sit. Earst hat de ponny in poetsbeurt hân. Dat is net allinne hearlik foar de ponny, mar ek goed foar de bern. ‘Bern mei mooglikheden’, sa’t Wendy se neamt. Want Donia State Wester is in soarchbuorkerij, dêr’t op woansdeitemiddei bern dy’t ekstra omtinken nedich ha, hynsterydles krije fan Wendy. In protte bern dy’t hjir komme ha in oandwaning yn it autismespektrum.

Ciska Noordmans 16 februari 2018

De pony folget, wat paad Melanie ek giet

Melanie is noch net hielendal wis oer wat der gebeure sil, mar se is de bêste freontsjes mei de fjord en se fielt har fertroud by de ynstruktrise. Melanie hat in lônzjearline yn ’e rjochterhân en se besiket de fjord Ulrike yn beweging te krijen, har linksom rinne te litten, te stopjen of har nei de hoefslach te stjoeren. Moat Ulrike hurder rinne, dan smyt se de lônzjearbân út. As Melanie wat heech yn har enerzjy sit, lit de ponny itselde sjen en wurdt it lestich om har te stjoeren. Mar as Melanie rêstiger wurdt, dan sjochst dat ek werom by Ulrike, dy’t Melanie hieltyd goed yn it each hâldt. Nei in skoftke beweecht de ponny har ear, lit de holle wat sakje en begjint te kôgjen en te slikjen. ‘Dat zijn de drie tekenen dat ze Melanie accepteert als leider’, leit Wendy út. Dêrnei komt de ponny rêstich op har ta rinnen, Melanie aait ’m oer de snút en praat wat tsjin har ponnyfreon. Op oanwizings fan Wendy rint Melanie foar de fjord út en ferdraaid: Ulrike folget, wat paad at sy ek siket. En Melanie, dy is grutsk.

Hynders binne sensitive bisten

Hynders binne sensitive bisten, se betrouwe op lichemstaal. Om’t it ‘kuddedieren’ binne, sille se besykje kontakt mei dy te lizzen, mar allinne asto har in feilich gefoel jouste. En in hynder is dêr pas wis fan as hy wit wat er oan dy hat. Hy sil allinne oansluting sykje asto autentyk gedrach sjen litste. Om’t hynders reagearje fanút har ynstinkt, binne se folslein oprjocht en jouwe se fuort feedback op dyn gedrach. Kinst gjin heale opdrachten jaan, of dysels grutter meitsje as datst biste; in hynder hâldt dy fuort in spegel foar.

‘Mijn pony wil niet’

‘Het is heel belangrijk het gedrag van kinderen te spiegelen’, leit Wendy út. ‘Eigenlijk doe ik de hele dag niet anders. “Waarom gebeurt dit en hoe zou je het probleem kunnen oplossen?” zijn hier veel gestelde vragen die in allerlei variaties terugkomen. “Mijn pony wil niet”, hoor je soms kinderen zeggen, dit wordt direct teruggekaatst met de vraag “Doe jij altijd direct wat je wordt opgedragen, als jij bijvoorbeeld je kamer moet opruimen?” Zo’n wedervraag kunnen kinderen goed begrijpen. “Nee natuurlijk” is dan steevast het antwoord. Het advies is dan om je pony nog eens te vragen; “gebruik je de goede hulpmiddelen; zitten je handen goed, de teugel, je been tegen het paard?” en het moet al gek gaan wil er dan niet vooruitgang geboekt worden. Elke vooruitgang wordt hier benoemd, wat natuurlijk bijdraagt aan een positief zelfbeeld. Ook wordt kinderen geleerd dat ze goed gedrag van de pony mogen belonen: “Is het paard braaf geweest, of laat het een ontspannen geluid horen, beloon hem dan met een klopje”. Om de kinderen veel aandacht te kunnen geven, wordt er individueel of in kleine groepjes lesgegeven. Ik hoor heel veel ouders van kinderen zeggen “mijn kind is zo veranderd” of “dit kind laat heel ander gedrag zien dan thuis”. Wat de kinderen hier leren, nemen ze ook weer mee terug naar huis.’

Oan de bûtenkant sjochst neat 

Oan de bûtenkant kinst meastentiids neat sjen by dizze bern. Ek Melanie sjocht der út as in fleurich ‘ponnyfamke’ dat hiel gelokkich is by ‘har’ maneezje, de ponnys en Wendy. Dochs ûnderfine bern mei in autistyske behindering mear swierrichheden yn de deistige sosjale omgong as oare bern. Se wurde faak oerfrege en it kommunisearjen mei heit en mem, broerkes, suskes en freontsjes is faak lêstich.

We sizze faak wat oars as dat we bedoele

Hoe faak komt it net foar dat wy eins wat oars sizze as dat we bedoele? Bern registrearje dat ús lichemstaal wat oars seit as ús mûle. Foar alle bern is soks betiizjend, mar foar bern mei in foarm fan autisme noch folle mear. As persoan sûnder autisme ferwachtesto bygelyks dat kontakt fan beide kanten komt. En asto dan in praatsje mei ien oanknopest, giesto der fan út dat de oar reagearret op it ûnderwerp datsto oansnijst én op it achterlizzende doel: it dielen fan gesellichheid. Mar asto in foarm fan autisme hast, dan ûntgiet dy dy achterlizzende bedoeling fan it praatsje faak en joust inkeld antwurd op de fraach. De oare reagearret dan miskien ôfwizend of yrritearre. Yn sa’n situaasje reitsje bern mei in foarm fan autisme emosjoneel fan slach. Se begripe it net, hawwe dochs antwurd jûn op de fraach? Guon bern wurde dêr ûnseker fan, oaren lilk en guon tinke dat de hiele wrâld tsjin har is en sykje it sels wol út. Troch harren behindering rinne sokke bern in achterstân op yn har ûntwikkeling en dan is ekstra oandacht nedich om fierder te kommen. It spegeljen mei hynders is in moaie manier om dêr wurk fan te meitsjen.

Mear ferlet fan ynformaasje oer bern en autisme? Sjoch hjir
Mear ynfo oer de soarchbuorkerij: Website Zorgboerderij Doniastate 

Ut: Heit & Mem nr. 3 – 2013

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.