heit&mem

De dominante taal

Salang minsken mei elkoar libje yn in romte, sil der ek in mienskiplike taal ûntstean. Dizze romte kin skoalle wêze, op kantoar of online. Omdat minsken yn deselde romte de taal oernimme fan de dominante groep (de mearderheid of de high-class groep) om der by te hearen, of om diel te nimmen yn in proses, ûntstiet der altyd in mienskiplike taal.

Ciska Noordmans 13 juni 2016

Gamers

Under gamers binne termen as noob, brb en lol universele termen dy’t elkenien brûkt. Omdat har romte net beheind is troch grinzen kamen gamers al gau yn kontakt mei oare talen oeral op de wrâld. Dochs is Ingelsk de naorm wurden.

Status

Yn Fryslân is der ek soks oan ‘e hân. It Nederlânsk is dominant boppe it Frysk. Mar dat wol net sizze dat in oare taal minder is. Of datst it Frysk yn de provinsje net brûke kinste. Asto begjinst yn dyn eigen taal, sil in oar him gauris oanpasse dat jildt foar it Nederlânsk, likegoed as foar it Frysk.
 
Mêar lêze oer hoest omgean kinst mei oare talen? Lês dan ek de oare artikel oer meartaligens eefkes op www.heitenmem.nl

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!