heit&mem

De Rapley-metoade – Fêst iten foar baby’s

It is safier. Jim poppe is in healjier âld en mei neist molke fêst iten ha. In spannend momint, want wat joust it berntsje? Guon âlders jouwe griente en fruit út in potsje. Sy brûke de saneamde Olvarit-metoade. Net goed, fynt Gill Rapley. Neffens har Rapley-metoade moatte bern safolle mooglik fêst iten krije. Rapley, Olvarit… in drege kar? Nee, stelt bernediëtiste Nienke Wierdsma. Alles is goed, salang’t de metoade mar by dyn berntsje past.

Marrit de Schiffart 5 september 2018

Gill Rapley wurket op de ôfdieling bernefersoarging fan Unicef en betocht de Rapley-metoade. Se reagearre dêrmei op de tendins dat der hieltyd mear potsje-iten ferkocht wurdt. Net goed, fynt Rapley, want neffens har moatte bern just al betiid leare om op iten te kôgjen. Dêrom soenen se safolle mooglik fêst iten krije moatte. Banaan, woartel of blomkoal, it kin fan alles wêze, salang’t it mar yn fûstgrutte stikken foar har dellein wurdt. It iten soe dus ek net mei in leppeltsje opfuorre wurde moatte, mar de bern moatte it sels, mei de hannen, opite. It foardiel dêrfan soe wêze dat bern har motoarysk flugger ûntwikkelje. Se leare ommers om iten te pakken, it nei har mûle te bringen en derop te kôgjen. Fierder soenen bern sa ek leare om har eigen hongergefoel yn ’e gaten te hâlden, want by de Rapley-metoade is it net de bedoeling dat âlders har bern oantrúnje om mear te iten. It berntsje yt wat er pakt. In poppe dy’t boarstfieding krijt, hat dy kontrôle al, want dy bepaalt sels al hoefolle oft er drinkt. Rapley soe dus in logysk gefolch fan boarstfieding wêze. Noch in geunstich effekt fan de metoade is dat bern har bewust wurde fan de smaken en struktueren dy’t iten hat. Se priuwe it iten ommers yn de fêste – en dus suvere – foarm. Neffens Gill Rapley moat de poppe wol de kâns krije om iten te ûntdekken. Alders moatte geduld hawwe, want de baby sil net fuort begjinne te iten. Yn it begjin boartet er der allinne mar mei. Mar úteinlik sil er begjinne te sobjen, te kôgjen en troch te slokken. Neffens Rapley is it krekt as mei rinnen: it giet mei fallen en opstean.

“De Rapley-metoade soe in logysk gefolch fan boarstfieding wêze.”

Nienke Wierdsma wurket as bernediëtiste by Liv Voeding & Leefstijladvies en hâldt bernesprekoere by it MCL. Se is dêrneist aktyf foar de ôfdieling Jeugdgezondheidszorg fan GGD Fryslân. Wierdsma is bekend mei de ferskillende manieren fan iten jaan. De Olvarit-metoade en de Rapley-metoade binne twa utersten en Wierdsma advisearret net spesifyk ien fan dy twa metoaden. Se ynformearret âlders oer it bestean fan de beide metoaden en lit se sels in kar meitsje. ‘Het belangrijkste daarbij is dat ouders goed naar hun kindje kijken. Ze moeten zich afvragen wat hun kind kan, welke ontwikkelfase het doormaakt en welke manier van voeden daar het beste bij past. Daarbij kunnen ze er bijvoorbeeld op letten of hun kindje al een goede zitbalans heeft. Vast voedsel geef je alleen als een kind rechtop kan zitten. Verder zijn de mond-motorische vaardigheden van belang. Het ene kind is eerder toe aan het beheersen van stukjes dan het andere.’ Wierdsma stelt ek dat âlders har frij fiele moatte om in kar te meitsjen, sûnder eangst om it ferkeard te dwaan. ‘(Op)voeding is geen wedstrijd. De ene methode is  niet beter dan de andere en vaak is het slim om “een beetje van beide” te combineren.’

“Iten is krekt as rinnen: it giet mei fallen en opstean.”

Yn Nederlân wurdt meastal sein dat in bern oan fêst iten ta is as it in healjier âld is. Ek dat is in regel dêr’t âlders har net op fêstpinne moatte, stelt Wiersma. ‘Als een kind van zes of zeven maanden zijn hoofd afwendt, is het nog niet klaar voor vast voedsel.’ Wat dat lêste oangiet is Wierdsma it dus iens mei de Rapley-metoade: in bern fielt sels oft it klear is foar fêst iten. Wierdsma riedt de Olvarit-metoade net aktyf oan by âlders. Se fynt nammentlik dat bern yn prinsipe mei de âlders mei ite moatte. ‘Een potje Olvarit op zijn tijd kan best, maar ik raad het niet aan om de kleintjes altijd iets anders te geven dan de rest van de tafelgenoten. Eten is immers ook een sociaal proces, waar het kindje deel van uitmaakt.’

Baukje Elverdink (Drachten), mem fan Roy (3), Beau (2) en Mare (0)

‘Ik sit regelmjittich op in foarum foar jonge âlders en dêr lies ik oer de Rapley-metoade. Nei’t ik wat mear ynformaasje op ynternet lêzen hie, woe ik Rapley ek tapasse by myn jongste dochter Mare. Ik fûn dat ik myn bern net fynsnijd iten jaan koe wylst se drok dwaande wienen om de feardichheid fan it kôgjen te ûntwikkeljen. Fierder lies ik ek dat bern troch Rapley minder sinnich wurde, om’t se al betiid wenne oan “echte” smaken. By troch elkoar mjukse griente, fleis en ierpels priuwe se de echte smaken ommers net. Doe’t Mare seis moanne wie iet se al faak itselde as wy. Yn it begjin wie dat fansels net folle en der foel ek in protte op ’e grûn, mar dat gong mei de wike better. Soms stoppe se tefolle yn ’e mûle en ferslokte se har. Krekt as folwoeksenen hawwe bern de natuerlike refleks om iten automatysk wer nei bûten te wurkjen. Dat kokhalzjen is net in leuk gesicht, mar neffens Rapley kin it gjin kwea. Ik ha it idee dat Mare har motoarysk flugger ûntwikkelet as har broers. Se pakte al hiel gau lytse krommeltsjes op. Fansels ha ik mear waskjen en mear opromjen as in soad oare memmen, soms is it in gegriem. Mar ik leau echt yn dy metoade, dus dat ha ik der graach foar oer.’

Regina Jorna (Deinum), mem fan Janique (2,5) en Dante (1)

‘Doe’t Dante in healjier wie, fertelden se my op it konsultaasjeburo oer de Rapley-metoade. Ik fûn it in moaie gedachte dat bern dêrtroch de ferskillende smaken, foarmen en substânsjes fan iten better herkenne en ûnderfine. Dochs pas ik de metoade yn de praktyk net altyd ta. Dat komt omdat ik bang bin dat Dante te min binnenkrijt as se it sels docht. Dêrom jou ik har earst altyd in heal boardsje prakke iten mei in leppeltsje. Dêrnei mei se sels noch wat opite. In stik woartel bygelyks, dêr kôget se dan fleurich op. Dan sjocht se my oan as woe se sizze “sjochst wol, ik kin it sels ek wol”! Se fynt it moai om dingen sels te dwaan en dat jildt ek foar iten. Bôle yt se net op as ik it har fuorje. Mar as ik it foar har op ’e tafel lis, dan pakt se it sels en yt se it ek op. Dan brûk ik de Rapley-metoade dus wol. By oar iten is it wer sa dat se neat binnen krijt as ik it har sels dwaan lit. Bamy en makaroany snij ik altyd yn stikjes, oars komt der neat fan terjochte. As ik iten snij, doch ik dat wol op sa’n wize dat je noch sjen kinne wat it is. Dy potsjepuree fyn ik mar neat.’

Nuttige literatuer
Gill Rapley e.o., Baby-Led Weaning
Stefan Kleintjes, Eten voor de kleintjes, van borst tot boterham

Troch: Marrit de Schiffart
Ut: Heit en Mem nr. 3 – 2011

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.