heit&mem

Driftich!

Elk bern is wol ris boas. Net in bytsje boas mar poerrazend. Wat kinsto as âlder dan it bêste sizze? Wat sil faaks helpe en wat krekt net? Wat makket bern allinne mar lilker?

Ciska Noordmans 31 mei 2016

Hearst it dysels al sizzen?

Stop mei goaien! Hâld op mei slaan!

Kinst ek sizze: Wêrom goaisto mei dyn boartersguod? Fynst it net mear leuk om mei te boartsjen of is der wat oars?
Of: Ik sjoch datsto boas bist, mar meist net slaan. Sa kinsto ien sear dwaan, of wat kapot meitsje.

Sa heart jim dochter/soan datsto tiid en romte foar him makkest en datsto ynteresearre bist.
Bern meie fansels har emoasjes toane as sy lilk, fertrietlik of har machtleas fiele mar der der sa fysyk op reagearje is net de bedoeling.

 

Hearst it dysels al sizzen?

Doch net sa muoilik? Stop mei seuren?

Kinst ek sizze: Dit is lestich h’m ? Sille wy tegearre eefkes sjen hoe’t wy dit oplosse kinne?
Of: Ik hear wol watsto seiste. Hoe losse wy dit op?

Besykje tegearre út te finen wêrom jim bern de kont tsjin de krêbe goait. Lit him fiele datsto gearwurkje wolste, in tiim mei him wêze wolste om in doel te berikken. Besykje jim dochter/soan ferantwurdlik te meitsjen foar de oplossing.

 

Hearst it dysels al sizzen?

Yt dyn boardsje leech of oars…

Kinst ek sizze: Fynst it net lekker? Hasto genôch? Ris sjen hoe’t wy dit tegearre oplosse kinne!

Bern twinge te iten as sy genôch hawwe, is gjin goed idee. Bern moatte leare te lústerjen nei har liif en genôch is genôch. Ek twinge te iten as bern wat net meie, is net sa handich. Nei seis-tsien kear besykjen witte bern pas as se eat wol/net lekker fine omdat se dan pas oan de smaak wend binne. Soest as tuskenoplossing sjen kinne oft jim bern in pear hapkes ite wol en de rest kin hy dan stean litte.

 

As jim bern echt lilk en driftich is, wachtsje dan mar eefkes ôf oant er kalmearre is want oars is hy net fetber foar dyn meilibjende wurden en oplossings.

Mear lêze oer omgean mei emoasjes fan bern?

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!