heit&mem

Dat loslitten komt letter wol

Josette Zwier 27 mei 2016

‘Is it in trijeling?’ hear ik, at ik mei myn trije mantsjes oer de strjitte rin. De twa âldsten yn ‘e buggy, de jongste yn ‘e doek op myn búk. 
Ik hear dat hiel faak. Mar nee, it is gjin trijeling. Ek gjin twaling. Tusken de âldste en de jongste sit trije jier.

Ik begryp de betizing wol. Se hawwe alle trije reade hierkes, itselde rûne snútsje en se binne hast like grut. Op ôfstân kinne je je samar fersinne.

“Is it ek drok?” is dan faak de folgjende fraach. It is seker drok. Ik bin de lêste dy’t dat ûntkent. Oanpoatsje, elke dei. Hielendal at de âldste nei de pjutten moat. Wy komme ek gauris te let. Hoe faak ik op it punt stean om fuort te gean en ien fan myn boefkes de pemper folbrout is net op ien hân te tellen. En just at ik se de kreaze klean oanha (en ek in bytsje haast ha), springe se yn ‘e drek. 

Ik ha wâlen oant de knibbels fan it sliepgebrek. Blauwe plakken fan it stoeien. Hertkloppingen fan de stunts dy’t se úthelje (ik moat wol in hiel sterk hert hawwe….). En ik leau ek fêst dat ik hiel flot griis hier krije sil. 😉

Mar o, wat fyn ik dit in moaie tiid. Noch sa ôfhinklik fan mem. De knuffels en flibertútsjes. Se kinne noch sa lekker tsjin je oan krûpe. Se binne noch sa puer en unyk. Mem is noch it alderbelangrykste yn harren wrâld. Noch wol.

Loslitte fyn ik dreech. Ik wol se it leafst sa lang mooglik by my hâlde. Unmooglik, ik wit it. Mar foar no genietsje ik noch fan harren lyts-wêzen. Fan harren kleffe tútsjes en leave knuffels. Dat loslitten komt letter wol.

 

Josette Zwier is mem fan trije jonkjes mei reade hierkes. (4, 2 en hast 1) Tegearre mei heit, in hûn en twa katten wenje sy in Dronryp. Se blogt op har eigen website.

 

Boeketip: Loslaten kun je leren

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!