heit&mem

Myn bern binne net smoarch

Josette Zwier 23 mei 2016

Froeger doe’t ik lyts wie, lytser as dat ik no bin, wist ik it seker. Ik wurd letter mem! Ik seach mysels al hielendal sitten mei myn dochterkes oan ’e tafel. Lekker tegearre knutselje. 

Dy dochterkes binne soannen wurden. Trije stiks mar leafst. No fine sy knutselje wol leuk, mar net sa lang. Dan is it fel papier te lyts en wurdt de tafel meiferve. Of de hannen. En at mem der net om tinkt, de muorre. Knutselje is oan harren net bestege. 

Myn jonkjes meitsje ik bliid mei bûten boartsjen. Slakken sykje. Of wjirms. Yn plassen stampe. Mei wetter grieme. Se binne altyd smoarch. De waskmasine draait op folle toeren. Soms mei in ferdwaalde slak deryn. 

Se binne altyd warber. Kinne o sa moai boartsje bûten. Ik fyn dat prachtich. Hoe kinne jo no better de wrâld ûntdekke troch him te fielen? Troch te ûnderfinen. Ik kin se wol warskôgje dat se wiet wurde fan de rein, mar dat kinne jo dochs better sels ûnderfine? En dát dogge myn mantsjes graach!

En foar alle minsken dy’t myn bern smoarch neame: myn bern binne net smoarch, it binne ûntdekkers!

 

Josette Zwier is mem fan trije jonkjes mei reade hierkes. (4, 2 en hast 1) Tegearre mei heit, in hûn en twa katten wenje sy in Dronryp. Se blogt op har eigen website.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!