heit&mem

Groeipine

Groeipine

Groeipine, wy ha der allegear wolris fan heard, of lêst fan hân. Mar wat is it krekt? En wat kinne wy der oan dwaan?

Dieuwke van der Meer 17 mei 2016

Wat is groeipine?

Groeipine is in pine yn de spieren fan de boppeskonken (bovenbenen). Mar de pine kin ek foarkomme yn de knibbels, kûten, skynbonken (scheenbenen) en yn de bilbonken. (dijbenen) Mar wêrom’t dy pine no krekt ûntstiet, is noch net bekend. It is wol sa, dat groeipine hast altyd jûns of nachts opkomt, meastal as it bern oerdei lekker aktyf west hat.

Two girls show height on the scale pretending to grow faster looking at camera and smiling

Wa kriget it?

Groeipine komt by sa’n 10 prosint fan de bern foar. By famkes meastal tusken de twa en de alve jier en by jonges tusken harren twadde en tretjinde jier. De measte bern dy’t lêst fan groeipine hawwe, binne tusken de fjouwer en acht jier âld.

Wat kinne wy der oan dwaan?

As dyn bern nachts wekker wurdt mei pine, kinst it bêste it pynlike diel efkes lekker massere. Ek troch in waarm bad of in waarme krúk kin de pine wat fersachte wurde. At de pine hiel slim is, kinst se altyd noch in paracetamol foar bern jaan, mar de pine duorret faak mar sa’n 10 oant 15 minuten. Groeipine is ferfelend mar ûnskuldich. Nei twa jier ha bern der meastal gjin lest mear fan.

 

Ut: heit&mem 2016, nr 1

Tip: Op syk nei in leuk meetlint foar yn ‘e bernekeamer?

 

 

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.