heit&mem

Tsien lytse hekskes

Tsien lytse hekskes

Dieuwke van der Meer 10 mei 2016

TsienlytsehekskesDer wiene ris tsien ûndogense lytse hekskes. Se binne gek op aventoer. Mei har tsienen binne se net te hâlden en fine se de nuverste fratsen út. Al hat mem harren ek hûndert kear warskôge foar frjemde toverdrankjes, draakjes, bistefangers en oare bysûndere ynwenners fan mearkeslân, de hekskes dogge dochs wêr’t se sels sin oan hawwe. Dat kin fansels net goed gean! Se begjinne mei harren tsienen oan it aventoer, mar by elke streek dy’t se úthelje, ferlieze se ien fan de suskes. Sa giet it troch tot it lêste hekske – se is noch mar allinne oer – lang om let gûlend werom giet nei mem. En al is mem wol lulk op dy tsien ûndogense froulju, se docht wat alle memmen dwaan soene yn har gefal: se tovert mei ien toverspreuk en in swaai fan har stokje alle tsien de hekskes wer thús. Fansels is mem bliid om alle tsien hekskes wer feilich by har te hawwen, mar sa maklik komme de suskes de net ôf: se moatte alle tsien drekt op bêd. Dochs haw ik it gefoel dat se der net safolle fan leare…

It is in bekend gegeven: oan it begjin fan it ferhaal binne der in soad en hieltyd ferdwynt der ien. Krekt salang oant der neat mear oer is of oant by toverslach elkenien wer ferskynt. Wa ken net de ‘tien kleine visjes’ de ‘zeven heksjes bij elkaar’ of de ‘99 bottles of beer on the wall’. En dochs witte Lida Dykstra en Jung Hee Spetter der wat spannends fan te meitsjen. Yn it boek wurdt nea mei safolle wurden sein hoe ûndogens de hekskes wol binne. Mar al fan de earste strofe en de earste tekening ôf strale se it út. En hieltyd nimme de hekskes harren ferlies en geane toch nei de folgjende streek. Dat it net de earste kear is dat de hekskes op boevepaad geane, fertelt ien enkel wurd oan ’e ein fan it ferhaal. Hokker oare mem soe lulk wêze as se njoggen fan har dochters miste? Knap dien dizze gearwurking tusken de skriuwster en de illustrator. Der stiet gjin wurd tefolle. Der binne bygelyks byrollen foar ferskillende ynwenners fan it mearkeslân. Nearne wurdt útlein wa’t dat binne en wat se dogge, mar it hoecht ek net. De tekeningen meitsje it ferhaal fierder ôf.   Hjir en dêr moat ik even oefenje mei it ritme fan de strofen, mar dat ha ik der graach foar oer. ‘Tsien lytse hekskes’ is in fleurich, ûndogens printeboek om lekker mei te tellen en mei te laitsjen.

 

Sjoch foar mear boekbesprekkingen fan Tante Tjits op har webside.

‘Tsien lytse hekskes’ is hjir online te bestellen.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!