heit&mem

In lichem en geast fol antennes, heechsensityf

Nachts heart se ferhalen út ‘e keamer fan har lytse famke kommen. Se werkent de dingen dy’t oerdeis bard binne. ‘Jonkje fertriet’, heart se, en tinkt dan oan it televyzjeprogramma dat se tegearre sjoen hawwe, wêryn‘t in lyts berntsje gûle moast. ‘Mem baby yn ‘e búk.’ Ja, dat wie noch wol it meast nuvere, dat koe se ommers net witte! Janny van der Veen (36) hie twa dagen dêrfoar de swangerskipstest dien en se wist sels noch mar krekt dat de twadde op komst wie. Mar Lieke, har famke fan 2,5 jier, dy hat antennes dy’t net elkenien hat. Dêr is Janny al lang achter.

Marieke Vinckers 14 augustus 2019

Bern dy’t heechsensityf binne, hawwe faak ekstra gefoel foar dingen dy’t oare minsken net sjogge of fiele. Dat Lieke har lytse hantsjes op ‘e noch platte bûk fan har mem lei en sei dat mem in baby yn har bûk hie, wie dan ek echt sa nuver as wat. As Janny jûns nei har famke harket, dan heart se fan alles foarby kommen, Lieke sit fol ferhalen. Ja, mar dat hawwe alle bern dochs, soest miskien tinke. Jawol, mar sokke gefoelige bern hawwe wat mear tiid nedich om dingen te ferwurkjen. Belangryk is dan ek, dat se dy tiid en dy romte krije.

Heechsensitivens

Hurde lûden, in groepke bern dat gekjaget, in grutte stêd mei in soad minsken: it binne dingen dêr’t in heechsensityf bern net sa goed oer kin. Dy prikkels hawwe in gruttere ynfloed op har as op oare bern. Heechsensitivens is lykwols gjin sykte; it is in karaktertrek. It sit yn it aard. Dochs kin it wol ta problemen liede, op skoalle of thús, as der net rekken mei hâlden wurdt. It advys? Jou romte en rêst en sykje nei in goeie balâns. Krekt dat sykjen nei balâns is sa dreech, want dat is fansels foar elk bern wer oars en ek yn eltse situaasje wer oars. En, hoe kinst as âlder bepale wat no it bêste is? Do wolst dyn bern yn beskerming nimme, mar ek wer net te folle leuke dingen ûnthâlde.

Moai bern

Janny wit hoe lestich it soms wêze kin om goed om te gean mei dy ekstra gefoeligens fan Lieke. Se werkent sa’n soad fan harsels. As bern wie se sels eins wol in rêstich famke, mar alle yndrukken fan ‘e dei wienen faak sa oerweldigjend dat se it net direkt ferwurkje koe. ‘En dan koe it twa kanten op gean,’ laket se, ‘ik koe hiel drok wurde en dêrnei wie ik dan ek echt kompleet sloopt. Of ik waard hiel stil.’ No’t Janny itselde sjocht by har lytse Lieke, siket se nei in manier om har te begelieden en ja, toch ek wol, te beskermjen. Mar hoe dochst dat sûnder der te folle oandacht oan te jaan? Seist it bygelyks wol tsjin de juf fan it nije pjutteboartersplak, of just net?

Se is sa’n moai, fantasyryk famke dat each hat foar in oar

Der wurdt ek wol praten oer ‘nieuwetijdskinderen’, as we it oer heechsensitive bern hawwe. Sokke bern binne gefoelich foar wat der om har hinne bart. Gefoelens fan oare minsken of oare bern pikke se samar op. Se fiele wat in oar fielt, sûnder dat der fierder wurden oan te pas komme. It binne bern dy’t it hert as kommunikaasjemiddel brûke. En just dat yntinse gefoel, dy grutte antennes op ‘e rêch sis mar, is wat it foar dy bern sa dreech makket om yn ús drokke maatskippij goed te funksjonearjen. Der liket ommers hast gjin tiid te wêzen foar it gefoel en we hawwe gjin rêst om ris nei te tinken oer wat de dei ús brocht hat. Der is gjin stilte om te fielen. En krekt fan dy rêst en dy stilte hawwe sokke bern sa’n soad ferlet.

Twa kanten

Ien op ‘e tsien oant fyftsjin minsken fan ‘e befolking is heechsensityf (it wurdt ek wol HSP neamd: High Sensitive Person). De sintugen binne wat oars ôfstimd as by oare minsken. Fel ljocht, hurd lûd, sterke rook, stimmingen fan oaren of oanreitsjen komt by dy persoanen folle mear binnen. Dat hat twa kanten: oan ‘e iene kant is it moai om alles sa yntins te belibjen. Oan ‘e oare kant kinne se harsels ek net ôfslute foar dy prikkels. It is der dus altyd. En binne der dan tefolle ympulsen achter elkoar, dan reitsje se letterlik oerprikkele. Foar in folwoeksene is dêr noch wol in paad yn te finen, mar foar in bern dat it allinnich mar fielt en der gjin wurden foar fine kin, is it wol wat dreger om dêrmei om te gean. In goeie begelieding is dan ek belangryk.

Oerprikkele

Janny wurket sels as maatskiplik wurker yn ‘e soarch, dus se wit mar al te goed wat it betsjut as der in etiketsje plakt wurdt op in bern. Dus: wannear is it no in goed momint om te sizzen: ‘Myn bern is gewoan wat gefoeliger as in oar’? Want dat makket wol direkt dúdlik: dat is wat it is, mear moatst der ek net fan meitsje. Lieke is sa’n moai, leaf, fantasyryk famke dat each hat foar in oar. Se is allinnich in bytsje earder oerprikkele. Dat uteret him yn drokte, of soms begjint se samar te gûlen as der wat spannends bart. ‘Lêsten kamen de buorfamkes hjir om efkes mei Lieke te boartsjen. Dat fûn Lieke sa moai, se wie yn ien kear sa oer-entûsjast dat se net wist wat se mei dat gefoel dwaan moast. Se wie sa bliid en begûn fan ‘e weromstuit te gûlen. Ja, dêr moat ik dy famkes dan wol efkes yn begeliede. Better dat se dan earst mar in rêstich spultsje dogge.’

Mear ynformaasje: www.lihsk.nl (Landelijk Informatiepunt Hoogsensitieve Kinderen).
Dêr binne ek mear tips & advizen te finen foar thús en op skoalle.

 

Hat jim bern hjir ek lêst fan?
In boeketip foar bern fan 7-11 jier.

 

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!