heit&mem

Wat as de wurden dyn mûle net út wolle? Selektyf mutisme

Tegearre sitte de suskes Danique en Michelle op ’e bank tillevyzje te sjen. De froulju ha de grutste wille tegearre, mar it wurdt mûsstil as der ûnbekende besite oer de flier is. By frjemde minsken giet Michelle’s mûle op slot en komt der gjin wurd mear út. Net op skoalle, net yn de winkel en al hielendal net tsjin in nijsgjirrige sjoernaliste.

Nynke van der Zee 19 juni 2019

Michelle is in fleurich famke fan 8 jier en sit yn groep 5. Se hat prachtich lang hier, hâldt fan gesellich kwebbeljen, is gek op follybal en docht fanatyk oan streetdance. In famke krekt as alle oare famkes út har klasse. Mar der is ien grut ferskil: Michelle seit neat. No ja, neat. Se praat wol, mar allinnich as se mei freondintsjes is. Komt der in oar by it groepke stean, dan hâldt Michelle’s mûle op. Ek al soe se noch sa graach wolle, it bliuwt stil. Hiel stil.

De échte Michelle sjen

Michelle hat selektyf mutisme, in seldsume eangststeuring dy’t benammen foarkomt by bern. Se praat net yn sosjale situaasjes lykas op skoalle of by de sportferiening, mar allinnich tsjin minsken dy’t se fertrout. ‘Thuis kan Michelle een enorme kwebbelkous zijn’, fertelt mem Rianne Velderman. ‘Dat ik echt moet vragen of ze even haar mond wil houden. De wereld op z’n kop. Dat vind ik zelf zo jammer: dat andere mensen Michelle niet zien zoals ze echt is.’

selektyf mutisme

Al op jonge leeftyd fernimt Rianne dat Michelle oars is as oare bern. Thús praat se hûndert út, mar op it pjutteboartersplak seit se gjin wurd. As Michelle nei de kleuterskoalle giet, werhellet him presys itselde ferhaal. De lytse Michelle boartet mei alle bern, sjongt thús ferskes dy’t se op skoalle leard hat, mar yn ’e klasse giet har mûle op slot. Leararen ha gjin idee wat der oan ’e hân is en ek Rianne snapt der neat fan. Oant it gesprek mei de GGD-arts, dy’t mei de diagnoaze komt: selektyf mutisme.

Dat vind ik zelf zo jammer: dat andere mensen Michelle niet zien zoals ze echt is

Silich fûgeltsje

It is lestich om as bûtensteander te begripen wat selektyf mutisme presys is. Hiel simpel sein giet Michelle’s mûle op slot as se yn in situaasje mei ûnbekende minsken is. Mar ek op skoalle seit se gjin wurd, wylst se dêr elkenien ken. ‘Ik blijf het ook lastig vinden om precies te begrijpen waar Michelle zelf de grens trekt’, jout Rianne ta. ‘Maar ik ben ontzettend blij dat ze wel met vriendinnetjes praat en ook steeds meer met de juf. Want een kind dat als een zielig vogeltje in een hoekje van de klas zit, dat wil geen enkele ouder.’ De hiele dei stil wêze is sa maklik noch net. Freegje oftst nei de wc ta meist, in fraach stelle oer in drege rekkensom of yn ’e kring fertelle oer it wykein. Michelle docht dat net. En dat is best lestich, ek foar de juffen. ‘We hebben nu de afspraak dat ze een poppetje op haar bureau zet wanneer ze een vraag voor de juf heeft’, leit Rianne út. ‘Dan wijst ze aan wat ze niet begrijpt en vervolgens legt de juf uit hoe het zit. Gesprekken gaan dus alleen met gesloten vragen waarop Michelle kan knikken of haar hoofd kan schudden. Er komen geen woorden aan te pas.’

Een kind dat als een zielig vogeltje in een hoekje van de klas zit, dat wil geen enkele ouder

 

De grutte útdaging

Sûnt 2011 giet Michelle nei in psycholooch foar terapy. Doel is om te bouwen oan har selsfertrouwen, sadat se leart om hieltyd mear te praten. En dat giet mei lytse stapkes. ‘We oefenen nu met “dankjewel” zeggen in de winkel. Dat is al één keer gelukt. Trots dat ik na afloop was. En dan kijkt ze me thuis aan: “Mam, doe alsjeblieft even normaaaal!” Dat vindt ze dan weer zo overdreven’, laket Rianne. Michelle rêdt har oant no ta prima. Se giet elke dei fleurich nei skoalle, kin goed meikomme mei de lesstof en hat in soad freondintsjes. Ein maaie stiet lykwols de grutste útdaging op it programma: de boekbesprekking. ‘Laatst vroeg ze me: “Mama, hoe gaan we dat eigenlijk doen, die bespreking?” Dus ze denkt er wel degelijk over na. Maar ik weet bijna zeker dat ze geen woord zegt wanneer het straks zover is. Ik zou het dolgraag willen, maar dat is nog een te grote stap op dit moment.’

Foarút sjen

Oer grutte stappen sprutsen, Rianne hat sels mar ien grutte eangst: de oerstap nei de middelbere skoalle. Dêr binne ommers allinnich mar ûnbekende bern en frjemde dosinten. ‘We kunnen alleen maar afwachten hoe het straks komt, maar zelf heb ik maar één grote wens. Alsjeblieft Michelle, trek straks gewoon je mond open.’

 

Troch: Nynke van der Zee
Ut: heit&mem nr 1 2014

Hjir is mear ynformaasje oer selektyf mutisme te finen.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.

Ek ynteressant!