heit&mem

Help! Hoe kies ik in skoalle?

Help! Hoe kies ik in skoalle?

It is safier. Dyn berntsje is 3 jier wurden en – ast it no wolst of net  – oer in jier sil it lyts pjut nei skoalle ta moatte. Wat wurdt it? Kristlik, Dalton, trijetalich, Jenaplan, twatalich, Montessori of dochs gewoan de skoalle om ‘e hoeke? It liket ûnmooglik om tusken al dy skoallen de goede te kiezen. No worries, hjir binne tips en trúks foar twiveljende âldelju.

Ciska Noordmans 24 augustus 2023

Foardatst in skoalle kiest, moatst earst witte wat der eins falt te kiezen. Yn Nederlân binne de skoallen ûnderferdield yn iepenbiere en bysûndere skoallen. Bysûndere skoallen binne skoallen mei in bepaalde tsjerklike opfetting. De grinzen tusken bysûndere en iepenbiere skoallen ferfage trouwens. In protte iepenbiere skoallen jouwe godstsjinstlessen en konfesjonele skoallen iepenje de doarren faker foar net-tsjerklike bern. Der komme ek hieltyd mear skoallen mei in spesjale ûnderwiiskundige fizy. Yn Fryslân binne dat: Dalton (25), Jenaplan (12), Montessori (2, yn Ljouwert en Drachten) en de frije skoalle (1, yn Ljouwert). Dêrneist profilearje guon skoallen har as twatalige (100) of trijetalige skoalle (50). Sokke skoallen brûke meardere fiertalen yn ‘e les. Fansels ferskille skoallen ek op oare flakken fan elkoar. It is ek goed dat skoallen har op ien of oar flak profilearje, mar… dêr wurdt de keuze net makliker fan.

Hoe kies ik in skoalle?

Wat fynsto belangryk oan in skoalle? Pas ast dat witst, kinst in goede (en maklike) keuze meitsje. Dus: hokker fan ûndersteande kritearia fynsto it wichtichst? Fink dy oan en gean oan ‘e hân dêrfan op syk nei in skoalle. 

It profyl fan de skoalle moat oanslúte by myn leauwen of libbensoertsjûging.
De skoalle moat in bepaald ûnderwiiskundich sinjatuer (Dalton, Jenaplan ensfh.) hawwe.
De ûnderwiiskwaliteit moat heech wêze.
De skoalle moat in protte soarch jaan oan bern mei lear- en gedrachsproblemen (en/of foar bern dy’t hiel goed leare kinne).
Ik wol dat de skoalle bûten skoaltiid ek in soad aktiviteiten organisearret.
De skoalle moat yn ‘e buert wêze.
Ik wol dat myn bern meartalich les krijt (bûten it Nederlânsk ek Frysk of Ingelsk)
De rûte nei skoalle ta moat feilich wêze.
De skoalle moat grut (of just lyts) wêze (der binne plannen om skoallen mei minder as hûndert learlingen yn ‘e takomst te sluten).
De skoalle moat skjin en goed ûnderhâlden wêze.
De klassen moatte lyts wêze sadat myn bern in protte persoanlike oandacht krijt.
De skoalle moat in soad oandacht bestede oan sosjale noarmen en wearden (pestprotokol).
De skoaltiden moatte oanslute by myn wurktiden.
De skoalle moat in tuskenskoalske en/of bûtenskoalske opfang hawwe.
De skoalle moat in soad oandacht hawwe foar natuer of kultuer. 
Ik wol as âlder by in protte saken belutsen wurde. 
Ik wol gjin âlderbydrage betelje.
De skoalle moat moderne learmiddels lykas kompjûters en tablets brûke.

Op de hichte bliuwe fan heit&mem? Meld dy oan:

  • Dit veld is bedoeld voor validatiedoeleinden en moet niet worden gewijzigd.